Aksjegroep Sis Tsiis falt yn twa groepen útinoar

febrewaris 17, 2018 13:43

De aksjegroep Sis Tsiis, bekend fan de aksjes foar in ferbettering fan de lessen Frysk op skoallen, is yn twa groepen útinoar fallen. Dat docht de Ljouwerter Krante hjoed te witten. Neffens wurdfierder Piter Dykstra wie der in ferskil fan miening oer de omgong mei de provinsje: in part fan de aksjegroep wol in goede relaasje mei de provinsje hâlde, de oaren wolle krekt “frij aksje fiere kinne”. De provinsje hat op it stuit formeel in protte te sizzen oer de Fryske lessen. De provinsje en hegeskoalle NHL hawwe juster in plan presintearre om de kwaliteit fan ‘e Fryske lessen stadichoan te ferbetterjen (link).

Skriuwer-sjoernalist Abe de Vries is fan betinken dat in part fan de aksjegroep tefolle in “nasjonalistysk” idee neistribje soe. Hja soene fia de taalstriid ta wolle op in autonoom Fryslân. De Vries is fan betinken dat se dêrmei tefolle ôfwike fan it oarspronklike doel fan Sis Tsiis, nammentlik it opkommen foar bettere Fryske lessen. De Vries hat der altiten op wiisd dat ûnderwiis yn ‘e memmetaal in minskerjocht is. De Vries heart by de groep dy’t it leafst mei ûndersyk en fia oerlis ta syn doel komme wol.

Hoewol’t de beide streamingen it dúdlik ûniens binne en hoewol’t se ferskillende kanten út wolle, is der neffens Dykstra gjin sprake fan rûzje. Dykstra wiist derop dat de beide streamingen woansdei noch as ien gehiel by de gearkomste fan ‘e Steatekommisje sieten dêr’t de provinsjale ûnderwiisplannen yn behannele waarden.

Klik hjir foar it webstee fan Sis Tsiis.

febrewaris 17, 2018 13:43
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Abe febrewaris 18, 20:03

    Ik wit net wêr’t de LC en ek ItNijs harren ynfo oer wat ik al en net wolle soe wei hawwe, mar net fan my. ,,De Vries heart by de groep dy’t it leafst mei ûndersyk en fia oerlis ta syn doel komme wol”, lês ik. Dat liket my ûnsin ta. SisTsiis hat fan it begjin ôf in mearspoarebelied hân: tariede op juridyske aksjes, it útfieren fan aksjes ,,op strjitte” en it ynformearjen fan it publyk. Mar net alle aksjes binne neffens SisTsiis gaadlik foar it doel, nammentlik better Frysk ûnderwiis bewurkmasterje. Der binne minsken dy’t miene dat elk idee dat yn har opkomt it doel tsjinnet, en dêroer ferskille de mieningen. Aksjes dy”t oanslute by Frysk-nasjonalistyske stokhynderkes of opstigings dogge neffens SisTsiis de saak mear kwea as goed. Binnen SisTsiis hat him de ôfrûne moannen in groepke rjochtse nasjonalisten as ,,doch-groep” autonoom ferklearre, tinkende dat de ûnderskate spoaren fan de groep neat mei-inoar te krijen hawwe. Sjoen de ,,aksjes” fan dizze doch- en net neitink-groep – nei de stien fan Warns, mei trije man nei wat fan D66, mei trije man stean op in fiadukt by gelegenheid fan it Swartepiteprotest, mei trije man by de iepening fan Lân fan taal, en op de wurklist stiet in solidariteitshappening mei in pear East- en Noardfriezen út Dútslân – is SisTsiis fan miening dat der fan in skieden operearjen fan in ,,tink-groep” en in ,,doch-groep” gjin sprake wêze kin. Doe’t dat op de lêste gearkomste hoeden oan de oarder steld waard, stutsen ús saneamde doggers lilk ôf nei hûs. It is dêrby in publyk geheim dat dhr. Huisman mear fielt foar aksjes yn it ramt fan in autonoom Fryslân as foar fetsoenlik Frysk ûnderwiis. Dat is syn goed rjocht, mar ik bin net de iennichste dy’t fan betinken is dat er syn aspiraasjes dy kant op mar earne oars besykje moat te realisearjen. Fierder wurdt it fansels op priis steld dat ItNijs kontakt opnimt mei my of Friduwih Riemersma as der wer ris wat oer SisTsiis oan de oarder komt. Wy binne bliid mei it omtinken foar de goede saak op dizze side, mar it soe moai wêze as de ynformaasje dy’t nei foarren brocht wurdt, ek kloppet. Yn ‘t foar ús tank fansels.

  2. Cor Jousma febrewaris 19, 11:41

    Bêste Abe, dyn langspylplaat oer “nasjonalisten” is no wol griis draaid! Dat dy trije minsken fan it oanbegjin fan Sis Tsiis trije folslein oare karakters meibrochten is no wol dúdlik. En dochs sille jimme trijen de namme Sis Tsiis diele moatte. It is net oars…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*