ACM pakt ynkassoburo’s oan

febrewaris 13, 2018 09:06

De Autoriteit Konsumint & Merk (ACM) hat in boete oplein oan ynkassoburo Credit Invest, better bekend ûnder de namme De Nederlandse Incassocentrale, en syn liedingjaande. ACM hat dat bedriuw in boete oplein fan yn totaal 415.000 euro foar it ûnder druk setten fan konsuminten om ûnjildige rekkens te beteljen. Dêrneist hat de ACM in tasizzing akseptearre fan ynkassoburo Intrum Justitia. It bedriuw seit ta dat it in op de konsumint rjochte wurkwize hantearje sil.

Bernadette van Buchem, direkteur konsumintesaken fan de ACM: “By ynkasso giet it faak om kwetsbere konsuminten. Wy trede op tsjin ynkassoburo’s dy’t de regels net neilibje. Dêrmei wolle wy de problemen fan konsuminten mei ynkassoburo lytser meitsje.”

Boete en tasizzing
De ACM hat Credit Invest, bekend as De Nederlandse Incassocentrale, mar ek hanneljend as Credit Pay, MKBusiness en Stichting Derdengelden Incasso Service, beboete foar 375.000 euro en syn feitlik liedingjaande foar 40.000 euro. It bedriuw easke dat konsuminten rekkens betellen foar net-jildige oerienkomsten. As konsuminten wegeren te beteljen of om opheldering fregen oer har rekken gie it bedriuw troch mei oantrunen by de konsumint om de rekken te beteljen. It bedriuw joech gjin ynformaasje oer de rekken, ek net as de konsumint de rjochtsjildigens derfan betwiste.

Koartingstsjinsten
It gie faak om rekkens fan net-winske abonneminten, lykas op koartingstsjinsten. De Nederlandse Incassocentrale drige konsuminten mei gerjochtlike prosedueres en hege ynkasso- en proseskosten. Konsuminten fielden har faak twongen de ûnterjochte foarderings dochs te beteljen. Konsuminten hawwe it rjocht om te witten hokker rekken it ynkassoburo ynkassearret en oft dy foardering wol terjochte is. De Nederlandse Incassocentrale hat ûnderwilens beswier oantekene tsjin it beslút. It Iepenbier Ministearje docht noch ûndersyk nei it bedriuw. De ACM hat gegevens út syn ûndersyk mei it IM dield.

Intrum Justitia
Intrum Justitia hat oan de ACM tasein konsuminten net ûnder druk te setten om harren rekken te beteljen troch te driigjen mei foech dat it bedriuw net hat. Dêrneist hat it bedriuw tasein konsuminten wiidweidich te ynformearjen oer de rekken, goed berikber te wêzen foar fragen of klachten en mjitwurk te leverjen, passend by de persoanlike finansjele omstannichheden fan de konsumint. De ACM hat nei oanlieding fan klachten fan konsuminten in ûndersyk dien nei ynkassoburo Intrum Justitia. Dy tasizzing is net frijbliuwend. As Intrum Justitia him net oan de ôfspraken hâldt, kin de ACM in boete oplizze. De ynhâld fan de tasizzing kin oare ynkassoburo’s ynspirearje ek in mear op de konsumint rjochte wurkwize te hantearjen.

Brede oanpak ynkassoprobleem
De ACM hat keazen foar in brede oanpak fan de problemen yn de ynkassobrânzje. De ACM hat foarljochting ynset om konsuminten warberder te meitsjen, skuldhelpferlieners helpmiddels yn hannen jûn en opdrachtjouwers fan ynkassoburo’s op harren ferantwurdlikens wiisd. Dy brede oanpak wurdt stipe troch de konklúzjes út ûndersyk dat de ACM dwaan litten hat nei de driuwfearen fan ynkassoburo’s en yn hoefier’t dy in ferklearring biede foar de kar fan harren metoade: agressyf of fasilitearjend / sosjaal ynkassearje. De konklúzjes út it ûndersyk meitsje dat de ACM him fan no ôf benammen rjochtet op ynkassoburo’s dy’t de regels bewust negearje.

febrewaris 13, 2018 09:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*