300 jier Frijmitselerij

febrewaris 28, 2018 16:18

Willem IV en Hanna fan Hannover

Nederlânske Frijmitselerij grûnfêste yn Ljouwert 

De frijmitselerij is ûntstien yn Ingelân en formeel oprjochte yn 1717. Dy geastlike streaming krige troch tadwaan fan steedhâlder Willem IV (1711-1751) ek oanhingers yn Nederlân. Willem IV wie de soan fan Maria Louise fan Hessen-Kassel (Marijkemuoi). Dy wie yn 1734 by gelegenheid fan syn houlik mei Princess Royal Anna fan Hannover yn Ingelân. Dêr krige er in earedoktoraat oan de universiteit fan Oxford. Hy waard opnommen yn de The Most Noble Order of the Garter (Oarder fan de Hoasbân). Hy en syn gefolch kamen dêrtroch yn ’e kunde mei de frijmitselerij dat se oerbrochten nei it Steedhâlderlik Hôf yn Ljouwert. Dêrút wei waard de frijmitselerij aktyf ûnder de namme fan it Fryske Steatewapen: Antiqua Vitte et Fide (troch Alde Deugd en Trou).

De frijmetselerij ferhuze fan Fryslân nei De Haach trochdat Willem IV yn 1747 steedhâlder waard fan alle Nederlânske gewesten. It gefolch fan de steedhâlder wie nau belutsen by de oprjochting fan de earste lôzje yn De Haach. Yn 1756 kamen de oprjochte frijmitselerslôzjes yn Nederlân gear ta ien organisaasje ûnder de namme sa’t dy no noch brûkt wurdt: De Orde van Vrijmetselaren onder het Groot Oosten der Nederlanden.

Utstalling
No’t Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa is en it trijehûndert jier lyn is dat de frijmitselarij bestiet is yn ’t Andere Museum, van Oldtimer tot Kant yn Ljouwert in eksposysje ynrjochte, dy’t op 6 maart om 15.15 oere iepene wurdt troch de boargemaster fan Ljouwert, Ferd Crone.

It ‘Andere Museum’ hat, yn oerlis mei de lôzjes yn Noard-Nederlân in eksposysje oer trijehûndert jier Frijmitselerij opset. Yn in ryk yllustrearre fisuele tiidline wurdt de gearhing mei de Europeeske en Nederlânske skiednis dúdlik. Yn de eksposysje is in lytse ‘timpel’ of ‘wurkpleats’ ynrjochte. Der is in skat oan antike frijmitselersattributen, boeken ‘verradersgeschriften’, glêswurk en oare kostberheden te bewûnderjen. De besikers kinne belibje hoe’t de kultureel-geastlike libbenshâlding fan de frijmitselers yn Fryslân woartel skeat en dêrnei mei it steedhâlderlike hês nei De Haach ferhuze en him dêr fierder ûntwikkele. In goede yndruk fan de frijmitselerssfear yn de lôzjes is op te dwaan troch it ynrjochte model-timpeltsje. Der is net allinne in soad te besjen, mar ek te beharkjen. Ta de frijmitselersmuzyk heart ûnder mear muzyk fan Wolfgang Amadeus Mozart (sels in frijmitseler).

Ljouwert en Fryslân foarmje it startpunt fan de Frijmitselerij yn Nederlân. Alle reden om yn it ramt fan LF2018 dêr omtinken oan te jaan en dizze útstalling te besjen.

It adres fan ’t Andere Museum, van Oldtimer tot Kant is Eastersingel 8 te Ljouwert. Foarhinne stie it bekend as ‘Museum Pakhuis Koophandel’.

 

 

febrewaris 28, 2018 16:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.