175.000 euro foar it ynrjochtsjen fan natuer yn Séfonsterpolder

febrewaris 1, 2018 08:02

Foto: Omrop Fryslân, Andor Faber

De Provinsje lûkt 175.000 euro út om fan de Seefonsterpolder yn Gaasterlân in natuer- en rekreaasjegebied te meitsjen. De 25 bunder grutte polder leit oan de eastkant fan de Rysterbosk by Riis. De nije natuer makket diel út fan it Natuernetwurk Nederlân, earder bekend as Ekologyske Haadstruktuer. Nei de simmer giet it wurk los.

It ynrjochtsjen fan 25 bunder natuer is it lêste karwei fan Eksperimint Gaasterlân. Jierren oanien is der yn ‘e mande mei de streek ynfolling jûn oan de natuer. Yn dy tiid is der in soad bepraat en ta stân brocht. Underskate maatregels soargje derfoar dat dêr in prachtich libbensgebiet foar sjongfûgels, amfibyen, fisken, bijen, flinters en oare ynsekten ûntstiet. Bygelyks it plantsjen fan strewelleguod by de boskrâne lâns, it oanlizzen fan natuerfreonlike wâlen en fan in poddepoel. De wetterhúshâlding wurdt ek ferbettere troch it graven en breder meitsjen fan sleatten.

Kuierje en hynsteride
Net allinne de natuer, mar ek minsken kinne aanst fan it gebiet genietsje. Op twa lokaasjes yn de Séfonsterpolder komt in picknickbank. By ien dêrfan komt ek in plak dêr’t hynsteriders it hynder oanbine kinne. Fierder komt der in nij kuierpaad troch de polder, dat oanslút op de besteande paden yn de Rysterbosk. Sa ûntstiet der in moaie rûte troch bosk en polder.

febrewaris 1, 2018 08:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*