Ynboargerje yn Ingelân kin meikoarten ek yn it Kornysk

jannewaris 25, 2018 12:20

Cornwall (read) yn Ingelân (giel) yn it Feriene Keninkryk (griis)

Wa’t út in oar lân komt en ynboargerje wol yn Kataloanië, leart as earste Katalaansk. Wa’t yn Fryslân ynboargerje wol, docht dat yn it Nederlânsk. Kennis fan de Fryske taal is gjin diel fan it ynboargeringstrajekt, ek al freegje ymmigranten dêr soms wol om, lykas koartlyn yn Ferwert noch barde (link).

Yn Ingelân is it ynboargeringstrajekt Ingelsktalich, mar it Britske Hegerhûs wol dat der ek mooglikheden komme om it yn it Kornysk te folgjen en it ynboargeringseksamen yn de Kornyske taal ôf te lizzen. Baronesse Smith fan de Labourpartij en baronesse Williams fan de konservativen meitsje harren dêr sterk foar.

It Kornysk hat yn 2014 de status fan in beskerme minderheidstaal yn Ingelân krige.

Tusken 2005 en 2013 koene minsken dy’t yn it Feriene Keninkryk ynboargerje woene dat nei eigen kar yn it Ingelsk, Gaelic of Welsk dwaan. Yn al dy jierren hat ien persoan foar in ynboargering fia it Gaelic keazen. Nimmen woe yn it Welsk ynboargerje. Sa goed as elkenien keas foar de Ingelsktalige ferzje. Dêrom is de produksje fan net-Ingelsktalige ynboargeringsmaterialen yn 2013 beëinige. Tom Brooks, heechlearaar ymmigraasjerjocht oan ‘e universiteit fan Durham, ferwûnderet him deroer dat it Kornysk no wol brûkt wurde sil, wylst dat folle minder sprekkers hat as it Welsk en Gaelic.

It Kornysk wurdt praat yn de regio Cornwall, yn it súdwesten fan Ingelân. It is in Keltyske taal en is om 1800 útstoarn. Yn de 20e ieu begûnen minsken yn Cornwall de taal wer te learen en oan ‘e bern troch te jaan. Der binne no in pear hûndert sprekkers fan.

jannewaris 25, 2018 12:20
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin2.0 jannewaris 25, 12:25

    Moai stribjen, sûnder mear. Mar yn Kornwal is it Kornysk gjin mienskipstaal, dus dit nijs komt my al frjemd oan.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.