Wrâldkampioen damjen Shvartsman by iepening LF2018

jannewaris 25, 2018 14:29

foto: Wikipedia

De tsjintwurdige wrâldkampioen ynternasjonaal damjen Alexander Shvartsman sil sneon 27 jannewaris by de iepeningsmanifestaasje fan LF2018 yn Ljouwert oanwêzich wêze. Hy sil dan û.o. in tal flitsende demonstraasjepartijen Frysk Damjen jaan yn it ramt fan de presintaasje fan it projekt Wrâldkampioenskip Frysk Damjen, dat pland stiet foar augustus 2018 yn Ljouwert.

De presintaasje is sneon fan 19.00 tot 21.00 oere yn de Friesche Club, Ruiterskwartier 57 te Ljouwert. Shvartsman is ek beskikber foar koarte spullen mei leden fan it pubyk.

Mear ynfo: Marten Walinga, 06-34561133 / Liuwe Westra, 06-30837586

jannewaris 25, 2018 14:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*