WordCamp Noard-Nederlân yn Drachten

jannewaris 13, 2018 19:27

WordCamp Nederlân 2016 Jierbeurs Utert

Wurkje jo yn ‘e frije tiid of foar it wurk mei WordPress? Dan mei jo dit net misse! Op freed 9 en sneon 10 febrewaris wurdt der in WordPresskonferinsje organisearre yn De Lawei te Drachten, in saneamde WordCamp. In ideale kâns om mear te learen oer WordPress. Diel jo ûnderfingen en kom yn kontakt mei de dreaune en gesellige WordPressmienskip. Twa folsleine dagen al hielendal yn it teken fan it Open-Source Content Management Systeem (CMS) WordPress.

Sneon 10 febrewaris binne der alderhande ynformative lêzingen. D6erby is te tinken oan praktykfoarbylden foar de ûntwikkeling fan tema’s en plugins, ûntwikkelmetodyk, merkwurking, en noch folle mear. In dei om net te missen!

In dei earder, freed 9 febrewaris, stiet yn it teken fan gearwurking oan it WordPressprojekt. Under begelieding fan betûfte ‘kollega’s’ sil der wurke wurde oan alle dissiplines fan it WordPressprojekt. Tink dêrby oan koaden skriuwe of teste, fragen beantwurdzje op de online forums, it oersetten fan WordPress en it ferbetterjen fan de tagonklikens.

Der is mar rûmte foar 150 dielnimmers, dus wês der gau by.

Lokaasje: De Lawei Drachten.
9 febrewaris: Contributor day.
10 febrewaris: Konferinsjedei; besteande út lêzingen en keynotes.
Kaarten kostje € 30,-.

Mear ynfo, besjoch de webside: https://2018.noordnederland.wordcamp.org/

Wolle jo helpe om dy dei kostedekkend te meitsjen? Se sykje noch sponsoaren.

jannewaris 13, 2018 19:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*