Wolkom op ’e lêste tongersdei fan ’e moanne

jannewaris 11, 2018 16:28

Yn it ramt fan Wolkom op ‘e lêste tongersdei fan ’e moanne hâldt dr. Anne Dykstra op 25 jannewaris yn it Provinsjehûs in lêzing oer Joast Halbertsma en syn Lexicon Frisicum.

Oer de lêzing
Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869) is foaral bekend fan de Rimen en Teltsjes, dy’t er mei syn bruorren Tsjalling en Eeltsje skreaun hat. Dat er mei syn postúm útjûne en ûnfoltôge Lexicon Frisicum (1872) oan ‘e widze stien hat fan de Fryske wurdboekskriuwerij, sil grif folle minder bekend wêze. Halbertsma wie mennist dominy, mar hy skreau oer fan alles en noch wat. Dat gie fan de Fryske tsjerke yn Rome oant Fryske en Germaanske folkloare, fan Fryske eigennammen oant âldheidkunde, en fan ‘witte wiven’ yn Oerisel oant it bûdisme. Hy hie eins oeral wol niget oan, mar oan taal it measte, oan syn publikaasjes te sjen. Trouwens, wêr’t er ek oer skreau, de tekst koe samar ûnderbrutsen wurde troch in lange taalkundige útiensetting. Soms hie dy streekrjocht mei syn ûnderwerp te krijen, soms ek mar amper.

Syn brede belangstelling fine wy ek yn it Lexicon Frisicum werom. It is bytiden earder in ensyklopedy as in wurdboek sa’t we dat hjoed-de-dei wend binne. Soks makket it nóch nijsgjirriger as dat it om de taal al wêze soe.

Ut foarbyldsinnen blykt dat Halbertsma syn wurdboek net allinne as wittenskipper, mar ek as Fries skreaun hat. Syn kultureel nasjonalisme en romantyske idealisearring fan de Friezen en harren karakter komt hjir en dêr dúdlik nei foaren. It wurdboek stiet bol fan ferwizingen nei oare talen, mar foaral nei it Ingelsk. Halbertsma woe mei syn wurdboek nammentlik sjen litte dat it Frysk en it Ingelsk en de Friezen en de Ingelsken nau besibbe wiene. Boppedat woe er sjen litte dat it Frysk ûnmisber wie by it oplossen fan etymologyske problemen yn de Germaanske talen.

Halbertsma wie oer alle boegen in apart man, dy’t ek wol oer wat ûnfoech praat mocht. Dat is oan syn wurdboek ek wol te fernimmen. Troch him binne der aardich wat seksualia oerlevere. Spitigernôch is in soad fan al it moais dat yn it Lexicon Frisicum te finen is amper of net tagonklik. Dat komt trochdat Halbertsma it yn it Latyn skreaun hat. Dat sil no troch in subsydzje fan de Provinsje feroarje. It Latyn sil oerset wurde yn it Frysk en it Ingelsk. It oersette wurdboek wurdt publisearre op de webside fan it Instituut voor de Nederlandse taal yn Leien.

Yn dizze wolkomlêzing sille gâns fasetten fan it leksikon bepraat wurde, en Dykstra sil ek sjen litte wat oft de mearwearde fan it oersetprojekt is.

Oer de sprekker
Anne Dykstra (1949) hat fan 1983 oant syn pensjoen yn 2014 by de Fryske Akademy wurke as leksikograaf. Op it heden is hy dêr gastûndersiker. Hy is promovearre op Halbertsma syn leksikon.

Plak en tiid
De lêzing is op tongersdei 25 jannewaris yn it Provinsjehûs. De seal is om 12.00 oere iepen, de lêzing begjint om healwei ienen, duorret omtrint in oere en is frij tagonklik. De fiertaal is Frysk. Elkenien is fan herten wolkom.

Wolkom op ’e lêste tongersdei fan ’e moanne
It Provinsjehûs iepenet op hast elke lêste tongersdei fan ‘e moanne de doarren foar it publyk. Dan wurde nijsgjirrige, leechdrompelige aktiviteiten yn ien fan de publyksromten fan it Provinsjehûs organisearre. Soms troch de Provinsje sels, soms troch ynwenners, mar altyd foar de ynwenners fan de Provinsje. In oersjoch fan alle Wolkom-aktiviteiten is te finen op www.fryslan.frl/wolkom.

jannewaris 11, 2018 16:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*