‘Wetterljocht’ fan Daan Roosegaarde yn Ljouwert

jannewaris 13, 2018 19:00

foto: Waterlicht Studio Roosegaarde

Ljouwert – Capital of Watertechnology en dit jier kulturele haadstêd fan Europa – is it nije plak yn de rige fan Europeeske stêden dêr’t it projekt Waterlicht fan de ynternasjonaal ferneamde keunstner Daan Roosegaarde te sjen is. Op 1, 2 en 3 febrewaris is it fisuele dreamlânskip oer de krêft en poëzy fan wetter te sjen op it Wilhelminaplein. It ljochtkeunstprojekt hat earder te sjen west yn Madrid, Paris, Amsterdam en luts dêr tsientûzenen taskôgers.  

Wetterljocht bestiet út weagjende linen fan ljocht, makke mei de lêste LED-technology, software en linzen. It projekt fisualisearret de krêft en ynfloed fan wetter: in firtuele oerstreaming. It lit sjen hoe heech oft it wetter komme kin sûnder minsklik yngripen. Wetterljocht bringt dat yn it omtinken werom. Dêr kin mei belibbe wurde hoe’t it is om yn in stêd ‘ûnder wetter’ te stean. It lit jin beseffe dat wy tsjintwurdich frij fan eangst binne foar oerstreamingen en bringt tagelyk it besef hoe wichtich oft it it is om noed te stean foar ús wrâld. Wetterljocht trunet de minske oan om him te besinnen op de potinsje en krêft fan wetter foar yn de takomst: kinne wy driuwende stêden bouwe? Hoe kinne wy wetter it bêste as in boarne fan enerzjy brûke?

WaterConnecting 2018
Mei Wetterljocht wurdt de offisjele ôftraap jûn fan WaterConnecting 2018, it wetterprogramma fol wettereveneminten yn en om Ljouwert yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân 208. Ljouwert is dé Europeese koprinner op it mêd fan wettertechnology. Fryslân is bekend om syn marregebiet, in gebiet fol wetterskiednis en foarbylden fan hoe’t Nederlân libbet mei wetter. It wetterprogramma fan Ljouwert-Fryslân 2018 is in inisjatyf fan de Gemeente Ljouwert, Wetterskip Fryslân en Provinsje Fryslân.

Nasjonale Wetterdei
It is net tafallich dat Wetterljocht op 1, 2 en 3 febrewaris te sjen is yn Ljouwert, want dat wykein binne der yn ‘t hiele lân aktiviteiten yn it ramt fan de Nasjonale Wetterdei, dan betinke wy de wettersneedramp fan 1953 en steane wy stil by hoe’t wy tsjintwurdich mei wetter libje en wurkje. Neist Wetterljocht binne der noch mear aktiviteiten dat wykein.

Mear wetteraktiviteiten 31 jannewaris – 3 febrewaris
Om it Wilhelminaplein binne op grutte doeken acht wettergedichten te lêzen, skreaun troch de Dichters fan Fryslân. Woansdei 31 jannearis stiet de útstjoering fan Iepen Up Live – de koproduksje fan LF2018 en Omrop Fryslân – al hielendal yn it teken fan wetterkampioenen en wurde der promininte wettergasten ynhelle. Sneon 3 febrewaris is der in lêzing fan Daan Roosegaarde ynplend by it iepeningswykein fan Lân fan Taal.

Roosegaardes Ikoan Oflútdyk – Ljochtpoarte as nije yntree nei Ljouwert–Fryslân
Earder al is Ljochtpoarte, de nije futuristyske yntree nei Fryslân iepene. Ljochtpoarte is in ûnderdiel fan it ûntwerp-ynnovaasjeprogramma Ikoan Oflútdyk, dêr’t Roosegaarde in bydrage mei leveret oan it fersterkjen fan de Ofslútdyk as ikoan foar de Nederlânske wetterwurken. Jûns wurde de sechtich monumintale heftuorren yn it ljocht set troch de koplampen fan auto’s. As der gjin auto’s ride ljochtsje de gebouwen net op. Der ûntstiet in dynamyske yntree nei Ljouwert–Fryslân, de kulturele haadstêd fan Europa, foarme troch in architektoanysk opljochtsjend linespul wat it monumintekompleks sweve lit as rydt de automobilist troch in sciencefictionfilm.

Tagong en tiden
Wetterljocht is te sjen op tongersdei 1, freed 2 en sneon 3 febrewaris op it Wilhelminaplein yn Ljouwert. Op tongersdei en sneon fan 17.30 oant 23.00 oere en op freed fan 18.30 oant 23.00 oere. It evenemint is fergees tagonklik.

Daan Roosegaarde
Daan Roosegaarde stiet ynternasjonaal bekend om syn sosjale ûntwerpen. Mei it team fan ûntwerpers en technisy fan Studio Roosegaarde wurket er oan ûntwerpen dy’t de relaasje tusken minske, technology en romte ferbetterje. Ynteraksje, ynnovaasje en skjintme steane yn wat hy omskriuwt as ‘techno-poëzy’.

jannewaris 13, 2018 19:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*