Wêrom’t it Frysk mear status hat as it Limburchsk

jannewaris 28, 2018 13:58

Dat Lutz Jacobi as Keamerlid yn it Frysk trou ûnthiet oan ‘e kening, rôp by Nederlânsktalige Nederlanners in protte fernuvering en ek wearze op. Dochs hie hja sûnder mis it rjocht om it Frysk te brûken. It Frysk hat nammentlik in offisjele status. Foar it Limburchsk jildt dat net. De ferklearring dêrfoar is sosjaal en polityk.

Dat stiet yn it histoaryske tydskrift Historiek. Yn it artikel wurdt útlein hoe’t it statusferskil tusken Frysk en Limburchsk ûntstien is, hoe’t histoaryske myten der yn ‘e 19e ieu ta laten dat it idee fan in Frysk folk ûntstie en hoe’t Kneppelfreed de emansipaasje fan de taal fan dat folk op gong brocht. Limburch is folle jonger as Fryslân en it idee fan in Limburchske identiteit is pas yn ‘e twadde helte fan ‘e 20e ieu ûntstien. Dêrtroch wie Limburch oant no ta te let om mei sukses de eigen taal in grutter plak te jaan.

It artikel hjit fan Kneppelfreed: waarom Fries wel een rijkstaal is en Limburgs niet. It stiet online: link.

jannewaris 28, 2018 13:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.