Prinsessehôf ljochtet kolleksje Aziatyske keramyk ta

jannewaris 10, 2018 16:27

Rûnlieding Aziatyske keramyk

Woansdei 17 jannewaris jout konservator Eline van den Berg in bysûndere rûnlieding troch Keramykmuseum Prinsessehôf dat koartlyn op ’e nij iepene is. De dielnimmers ûntdekke de kolleksje Aziatyske keramyk fan it fernijde museum en de skiednis fan keramyk. Van den Berg leit út hoe’t ynsichten, smaak en techniken út it easten en westen inoar ynspirearren en dat hjoed-de-dei ek noch hieltyd dogge. De dielnimmers sille sjen dat op Sineesk keramyk faak ferhalen ôfbylde stean om in eventuele ûntfanger lok ta te winskjen, en se sille hearre hoe’t diggelguod yn Sina ûntstien is en hoe’t dat út Azië wei nei Nederlân kaam.

De rûnlieding begjint om 13.00 oere yn de hal fan it museum en duorret oardel oere. Meidwaan is fergees mei in museumkaartsje, oanmelde kin fia de webside fan it museum: www.princessehof.nl

jannewaris 10, 2018 16:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*