Wer te folle snie yn Alpen

jannewaris 22, 2018 09:07

Zermatt (foto: pixabay.com)

Te min snie is net goed foar de wintersport, mar te folle kin ek in probleem wêze. Foar de twadde kear dizze moanne sitte tûzenen skileafhawwers fêst yn ’e mondêne Switserske skioarde Zermatt, op 1600 meter hichte. Der leit twa meter snie yn it doarp. Yn de Eastenrykske Alpen binne ek problemen. Yn St. Anton kinne wintersporters mar beheind it doarp yn en út. Inkeld auto’s mei sniekeaten meie de dyk op. Dêrneist wurde wintersporters mei bussen ûnder begelieding fan de plysje en de brânwacht nei de delte brocht. In protte treinen yn Eastenryk binne útfallen fanwege lawinegefaar.

Njoggentûzen toeristen fêst
It treinferkear nei Zermatt leit stil fanwege it lawinegefaar. Sûnt sneon jildt dêrfoar it heechste warskôgingsnivo. De tagongsdyk nei it skidoarp is ôfsletten. Njoggentûzen minsken kinne dêrtroch net fuort. De iennichste manier om noch fuort te kommen wie mei in helikopter, nei it seis kilometer fierderoplizzende plak Täsch. Kaartsjes dêrfoar wiene gau útferkocht en by it lâningsplak ûntstiene al gau lange rigen. Mar foar de minsken dy’t dêryn stiene waard it in teloarstelling, want de helikopterflechten waarden fanwege it minne waar al gau staakt.

Wintersporters op wei nei Zermatt hawwe te hearren krigen dat se better op syk gean kinne nei in oar sliepplak. Skyen is der ek net mear by foar de strâne wintersporters. Fan de 360 kilometer piste is net mear as fjirtjin kilometer iepensteld. Op guon plakken leit mear as trije meter snie. De problemen binne noch lang net oer, want yn de nacht fan snein op moandei is opnij in dik pak snie fallen.

Matterhorn
Zermatt leit oan ’e foet fan de wrâldferneamde Matterhorn. Foarich wintersportseizoen telde de reio mar leafst 1,1 miljoen oernachtings. De measte gasten kamen út Switserlân, Dútslân, Grut-Brittannië en Amearika. Yn it doarp wenje normaal 5500 minsken.

jannewaris 22, 2018 09:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.