Wer grutte lotterijpriis yn Fryslân fallen

jannewaris 11, 2018 13:52

By de earste Steatslotterijtrekking fan 2018 is in priis fan hûnderttûzen euro netto fallen op it steatslot fan in abonneespiler yn de gemeente Kollumerlân en Nijkrúslân. De lokkige winner kriget it bedrach belestingfrij op syn of har rekken stoart.

By de trekking fan woansdei foel ek de Mega Jackpot fan 19,4 miljoen euro op in steatslot dat earne yn Súd-Hollân ferkocht waard. Noch mar tsien dagen nei’t by de Aldjierstrekking ien yn Noard-Brabân tritich miljoen euro wûn, falt no dus opnij in enoarme priis yn de Steatslotterij. De identiteit fan priiswinners wurdt troch de Steatslotterij nea bekendmakke.

Alle jildprizen fan de Steatslotterij wurde belestingfrij útkeard en inkeld lutsen út de foar dy trekking ferkochte lotnûmers. De Steatslotterij keart minimaal sechtich persint fan de ynlis fan de spilers út oan prizejild en hat dêrmei it heechste útkearingspersintaazje fan alle Nederlânske lotterijen en de grutste prizepot.

jannewaris 11, 2018 13:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.