Wat betsjut ‘maksimale fermindering’ gaswinning Grinslân foar Fryslân?

jannewaris 18, 2018 12:29

Binne der neist De Pein noch mear yllegale gaswinningen yn Fryslân? Dat wie de fraach dy’t de FNP stelde yn de Steaten fan 27 septimber. Wat is it gefolch foar Fryslân fan de ‘maksimale fermindering’ fan de gaswinning út it Grinzer fjild dêr’t minister Wiebes oer praat nei oanlieding fan de resinte ierdbeving? De partij lûkt mei skriftlike fragen by deputearre Schrier oan ’e bel. 

Wurdfierder Wopke Veenstra wol hearre wat der te rêden is. De deputearre hat tajûn dat de gaswinning fan Vermilion ‘yllegaal’ wie, mar dat hy net wist hoe’t it mei alle oare lytse gasfjilden yn de provinsje sit. De Provinsje is foar syn ynformaasje ôfhinklik fan in webside fan it Ministearje fan Ekonomyske Saken, dêr’t fan sein waard dat dy “mogelijk niet correct en niet accuraat” is. No’t der wer in swiere ierdbeving west hat yn it Grinzer gasfjild wol minister Wiebes de gaswinning dêr “maximaal verminderen”. De FNP wol witte wat de doocht fan de oanboazjende ferhalen dat der no mear gas helle wurdt út Fryske putten.

Veenstra hat syn nocht: “Ik wol witte wat de reden is dat wy nei trije kear oantrúnjen gjin antwurd krije. Sels in simpel proseduerebriefke dat om útstel freget, hawwe wy net krige. It Staatstoezicht op de Mijnen soe ekstra ûndersyk dwaan nei de juridyske status fan De Pein en de oare gasfjilden. Wy wolle witte wat dêr útkommen is. Leit der no wol of net in relaasje tusken de gaswinning yn Grinslân en de winning út de oare gasfjilden yn Nederlân, dus ek yn ús provinsje? Ik tidigje derop binnen fjouwer wike antwurd te krijen. De deputearre wit hoe gefoelich oft it leit by ús ynwenners.”

jannewaris 18, 2018 12:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.