Waarpraatsje: tige rûch

jannewaris 17, 2018 18:43

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wurdt tongersdei in tige rûge dei. Der is kâns op stoarm. It swiertepunt leit lykwols yn it midden fan Nederlân, mar ek yn Fryslân giet it der om wei.

Yn de nacht fan woansdei op tongersdei sil it út en troch reine mar der is ek kâns op wiete snie. De temperatuer leit krekt boppe it friespunt. De wyn komt earst út it súden en is matich oant frij krêftich, mar draait letter yn de nacht nei it westen en hellet oan oant krêftich of hurd. Boppedat is der kâns op swiere wynstjitten. Tongersdei falt der earst noch rein of wiete snie en stiet der in krêftige oant hurde, miskien wol stoarmeftige wyn út it westen. By de kust lâns stiet der in skoft in (swiere) stoarm. Yn de hiele provinsje is der kâns op swiere oant tige swiere wynstjitten. It wurdt oerdei om de trije graden hinne en der kin yn de middei sa út en troch noch in bui falle. Yn de rin fan de dei jout de wyn him stadichoan wat del.

Freed is it in stik rêstiger. De loft is berûn en hielendal drûch bliuwt it net. De wyn is matich en komt út it súdwesten. It wurdt fjouwer graden.

Warskôgings
Yn de nacht fan woansdei op tongersdei en yn de moarntiid kin it op guon plakken glêd wurde troch wiete snie.
Tongersdei is der kâns op swiere oant tige swiere wynstjitten.

Jan Brinksma

 

jannewaris 17, 2018 18:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*