Waarpraatsje: rêstich wykein

jannewaris 12, 2018 19:19

DE JOUWER – Nei in oantal rêstige dagen, feroaret der yn it wykein noch net folle.

Foto © Jan Brinksma

Yn de nacht fan freed op sneon is de loft berûn en kin it wat dampich wurde. De temperatuer leit in pear graden boppe it friespunt. Sneon is de loft ek meastentiids berûn. Der is in lytse kâns op in glimp fan de sinne. It bliuwt drûch en de wyn komt út it easten of súdeasten. Oerdei wurdt it fjouwer graden.

Yn de nacht fan sneon op snein leit de temperatuer om it friespunt hinne. Snein bliuwt it ek drûch en is de kâns op wat sinne grutter as op sneon. De wyn komt op ’e nij út it súdeasten en is matich. It wurdt net folle waarmer as fjouwer graden.

Nei it wykein krije wy ritich waar mei letter yn de wike kâns op wat wiete snie. Serieus wintersk waar is noch hieltyd net oan de oarder.

Jan Brinksma

 

jannewaris 12, 2018 19:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*