Tweintich ferpleatsbere huzen yn Snits

jannewaris 11, 2018 16:15

Tiisdei 16 jannewaris wurdt yn de Snitser wyk Tinga begûn mei it setten fan tweintich ferpleatsbere wenten. Dêrmei spylje de gemeente Súdwest-Fryslân en korporaasje Accolade yn op it ferlet oan wenten foar lytse húshâldens yn Snits. It konsept is fan Heijmans en hjit Heijmans ONE.

Ynspylje op de fraach
Yn Snits is in tekoart oan wenten foar lytse húshâldens. De gemeente Súdwest-Fryslân en Accolade hawwe tegearre de taak om statushâlders in wenning te bieden. Dêrtroch ûntstiet druk op de wenningmerk. Tsien fan de tweintich wenten binne foar statushâlders, de oare tsien wurde ynset foar reguliere wenningsikers. Mei de tweintich Heijmans ONE-wenten spylje partijen yn op de merkdruk.

Fleksibel, eigentiids en takomstbestindich
Der is op dit stuit fraach nei wenten foar lytse húshâldens en statushâlders. It is min te sizzen oft dy fraach yn de takomst bliuwt. Dat freget om fleksibelens. Mei Heijmans ONE kieze de gemeente en Accolade foar in eigentiidske, fleksibele en takomstbestindige oplossing foar dat probleem. De wenten hawwe in libbensduer fan minimaal tritich jier. Se binne te ferpleatsten en wurde yn Tinga foar tsien jaar delset.

Kompakt en tûk ynrjochte
De ONE-wenning is in kompakt en tûk ynrjochte hûs. De 39 m² wenopperflak is ferparte oer twa wenlagen. Se beskikke oer in keuken, baaikeamer, wenkeamer, slieprûmte, eigen foardoar en bûtenterras.

Duorsum bouwe en wenje
Elektrisiteit is de iennige enerzjyfoarsjenning fan de wenten. Der is gjin gasoansluting. De ekologyske fuotprint fan de wenningen is dêrtroch folle lytser as gewoanwei. It brûkte materiaal is sa duorsum mooglik en foar it grutste part wer te brûken. Dêrmei foldogge dizze huzen oan de fyzje fan Accolade. De organisaasje wurket nei The Natural Step, in metoade om folslein duorsum te wurden. It stribjen nei in enerzjyneutraal wenningbesit yn 2040 heart dêr ek by.

It pleatsen
De Heijmans ONE-wenning is kant-en-klear op it stuit dat dy op it bouplak oankomt. Op lokaasje wurde de ûndergrûn en de ferdjipping opinoar set. Dêrnei hoege allinnich riolearring, wetter en elektrisiteit noch oansletten te wurden. It delsetten fan ien sa’n wente duorret ien dei.

Start ferhier
De ferhier set ynkoarten útein. Accolade biedt de wenningen oan op syn webside foar wenningsikers. De ferwachting is dat heal febrewaris alle tweintich wenten oplevere wurde.

jannewaris 11, 2018 16:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.