‘Twatalige bern meie dochs ek wolris in flater meitsje?’

jannewaris 12, 2018 08:34

Trije myten oer meartalich grutbringen útinoar raffele

Undersiker Sharon Unsworth mei har bern, dy’t se twatalich grutbringt. Foto: Sharon Unsworth

De Nederlânske prinsessen prate neist Nederlânsk like maklik Spaansk. Logysk, harren mem is ommers Argentynske. Dochs hawwe in soad minsken grutte beswieren as de thústaal fan in bern net Nederlânsk is. Sharon Unsworth besiket mei har ûndersyk misbegripen oer twataligens de wrâld út te helpen.

Ienris yn it jier organisearret it Max Planck Instituut yn Nimwegen in skriuwwedstriid foar syn promovendi. Theresa Redl, Monica Wagner en Francie Manhardt binne de skriuwers fan it winnende artikel yn 2017. Op NEMO Kennislink is in Nederlânske bewurking te finen fan it Ingelsktalige stik, dat werom te finen is op de webside fan it Max Planck Instituut.

Taalwittenskippers reitsje wol gauris fertize yn ferheftige petearen mei politisy. Sa die bygelyks it kabinet yn 2008 it útstel om Nederlânske lessen ferplichte te meitsjen foar allochtoane âlden. Dat soe harren oanfiterje om thús Nederlânsk mei de bern te praten, wat de ûndermaatske skoalprestaasjes fan guon migrantebern ferbetterje soe. Taalkundigen seagen neat yn dat plan. Underwilens learden de kroanprins en syn Argentynske frou noch gjin tsien kilometer fierderop harren trije famkes Spaansk.

De keninklike famylje stiet dêr net allinnich yn. Mar leafst 3,5 miljoen Nederlanners en Flamingen prate thús mear as ien taal. Bringe âlden harren bern yn ‘e war troch dy twatalich grut te bringen? Ferlytsje dy âlden de kânsen fan harren bern op sukses? “Fansels net”, seit Sharon Unsworth, ûndersiker op it mêd fan it eigen meitsjen fan in twadde taaloan de Radboud Universiteit, en sels ek mem fan twa twatalige bern. Mar sy hat sa no en dan ek noed oer de foarútsichten fan har bern. “En ik bin op ’e hichte fan alle ûndersyk datoangeande!”

Der geane noch altyd in soad myten om oer twataligens. Unsworth besiket mei har ûndersyk en workshops foar âlden om dy misbegripen te wjerlizzen. Wy fregen har nei de myten dy’t it slimst út te rûgjen binne en de lêste stân fan de wittenskip op dat mêd.

Myte 1: Twatalige bern prate beide talen ûndermaatsk

In soad minsken tinke noch altyd dat bern gjin twa talen tagelyk leare kinne, mar dat is net korrekt. Soksoarte oertsjûgingen komme troch it ferlykjen fan ientalige bern mei twatalige. “Twatalige bern dy’t thús allinnich mar de iene taal prate en de rest fan de tiid de oare taal, prate faak net krekt-en-gelyk as in bern dat ien taal de hiele tiid praat”, neffens Unsworth.

Yn 2010 lieten Kanadeeske ûndersikers sjen dat twatalige bern yn trochsneed yn beide talen in lytsere wurdskat hawwe as ientalige, foaral op it mêd fan typyske skoalwurden. De Nederlânske prinsessen, dy’t thús in soad Spaansk prate, sille dus nei alle gedachten ark út de keuken gauwer yn it Spaansk beneame kinne as yn it Nederlânsk. En de kâns is grut dat se de reproduktive organen fan in blom net yn it Spaansk beneame kinne.

“Mar makket soks wat út?”, freget Unsworth har ôf. In Nederlanner dy’t yn de Dútske autoyndustry wurket, sil ek mear Dútske as Nederlânske wurden kenne foar auto-ûnderdielen. Mar wy soene yn sa’n gefal nea sizze dat er net fatsoenlik Nederlânsk praat. By folwoeksenen is dúdlik te sjen dat de gewoante om twataligen te ferlykjen mei ientaligen net altyd like ferstannich is. “Dochs binne mooglike tekoarten yn wurdskat faak de reden wêrom’t âlden oanret wurdt om it by ien taal te hâlden”, fertelt Unsworth.

In oare reden foar dat advys binne grammatikaflaters. Nim bygelyks Unsworth har soan, dy’t sawol Ingelsk as Nederlânsk praat. “Hy seit bytiden dingen dy’t in ientalich bern net sizze soe, lykas ‘That works not’, foar it Nederlânske ‘Dat werkt niet’”, fertelt Unsworth. “Mar ientalige bern meitsje ek in soad flaters en dan besjogge we dat as learen. Wêrom soene twatalige bern dêr oars yn wêze?”

Myte 2: De twa talen lizze yn it brein los faninoar

Undersikers binne fier gien om it leauwe te ûntkrêftsjen dat twataligens bern betizet. Sa fier sels, dat se derfan útgiene dat de talen yn it brein fan in twatalich bern folslein útinoar leine en ûnôfhinklik faninoar wiene. “In goedbedoeld betinksel, mar it komt allinnich net altyd oerien mei de werklikheid”, neffens Unsworth. “Elkenien dy’t in twatalich bern grut bringt, sil yn ‘e gaten krije dat de twa talen inoar beynfloedzje.” Sjoch mar nei it eardere foarbyld fan har soan.

Opmerklik genôch hawwe ûndersikers allang fêststeld dat de talen by twatalige folwoeksenen inoar ûnderling beynfloedzje. Se witte allinnich noch net presys hoe’t de ynteraksje no krekt ferrint. Ynspirearre troch har eigen bern ûndersiket Unsworth mei kollega’s dat fenomeen by bern. Se hopet dat oer fiif jier de myte dat de talen fan twatalige bern alhiel faninoar skaat lizze, de wrâld út is.

Hjoed-de-dei sitte âlden en learkrêften deroer yn as in twatalich bern flaters makket lykas har soan. “Mar as wy begripe wêrtroch’t dy ynteraksje bart, as wy in oannimlik alternatyf hawwe foar ‘twataligen binne yn ‘e war’, dan wurdt dy ynteraksje miskien akseptabel”, hopet Unsworth. Se beklammet: “Fanwegen de ferskillende talen sille twataligen bytiden dingen sizze dy’t ientaligen nea sizze soene, mar dat is net fuortendaliks in probleem. Twataligen binne net yn ‘e war. Se prate harren talen prima, mar soms in bytsje oars as ientaligen, en dat is okee.”

Myte 3: Thús in oare taal prate beneidielet bern

Basisskoalleleararen en politisy advisearje âlden fan twatalige bern wol gauris om thús Nederlânsk te praten. Unsworth, dy’t dat advys ek faak heard hat, leit út dat dêr gjin wittenskiplike grûn foar is. Krektoarsom sels, yn 2009 lieten Amerikaanske ûndersikers sjen dat as Spaansk-pratende memmen thús Ingelsk praten, it Ingelsk fan de bern net better waard, mar harren Spaansk krekt minder waard. Boppedat witte we no sa stadichoan wol dat in goed ûntwikkele earste taal helpt by it oanlearen fan in twadde taal. Mei oare wurden, as Amalia goed Spaansk praat, sil dat har helpe by har Nederlânsk. Dochs blykt út it petear fan 2008 dat wittenskippers en politisy it op dit punt faak net mei-inoar iens binne. “It is makljk foar politisy en de befolking om in sterke miening te hawwen oer twataligens, omdt elkenien in taal praat”, neffens Unsworth. “As wy it oer partsjesfysika hiene, soe der nei alle gedachten mear nei ús harke wurde.”

Twatalige grapkes

Lykas alle âlden hawwe twatalige âlden ek noed om harren bern – en boppesteande taaie myten helpen dêr net by. “Ien fan harren grutste noeden is as it bern de thústaal net mear brûke wol en allinnich noch mar antwurdet yn it Nederlânsk”, fertelt Unsworth. Yn har workshops en oare aktiviteiten jout se âlden tips om dêrmei oerwei te kinnen. “Yn dy workshops draait it foaral om it oanmoedigjen fan âlden”, fertelt se. “Ik besykje harren ynsjen te litten dat sels as in bern yn it Nederlânsk reagearret op in Spaanske fraach, der noch hieltyd in petear geande is. Dus it bern is wol deeglik twatalich!” Mar se beklammet ek dat it wichtich is dat âlden realistyske ferwachtingen hawwe: “As sy de iennichste boarne fan in taal binne, wurdt it dreech en sille se faak tige harren bêst dwaan moatte.”

Mar noch altyd beslute in soad âlden, wêrûnder it keninklik pear, dat it de muoite wurdich is om te ynvestearjen yn meartaligens. Foaral fanwegen de foardielen dy’t soks in bern biedt as it twa talen praat, en fanwegen it kontakt mei de kultuer fan de âlden. Foar Unsworth is it ek wis en wrachtich de muoite wurdich. Har bern hawwe in grutter taalbewustwêzen – dat is ek oantoand troch taalwittenskippers – wat bytiden ta nuveraardige situaasjes laat. Unsworth: “As immen by ús opbrekt, sizze wy ‘horses’, de oersetting fan it Nederlânske ‘paarden’, wat wer klinkt as ‘pardon’.”

Imago

Unsworth wennet al sechtjin jier yn Nederlân en neffens har binne de minsken yn dy tiid positiver nei twataligens begûn te sjen. “De measte minsken beseffe no dat twataligens wat goeds is, mar it kin noch wol wat oanhelle wurde. Twataligens is tsjintwurdich sels ‘yn’ as it om as it Ingelsk of Spaansk giet, mar by minder oansprekkende talen, lykas it Turks, is de akseptaasje noch tige leech.” Unsworth hopet dat de resultaten út har ûndersyk it imago fan twataligens fierder ferbetterje sille .

Hawwe jo in twatalich bern en wolle jo graach bydrage oan ûndersyk? Meld jo oan by it projekt 2in1, it ûndersyksprojekt fan Unsworth en kollega’s.

Oerset neffens de Nijsbrief fan 22 desimber 2017 op NEMO Kennislink

jannewaris 12, 2018 08:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.