Tal keninklike ûnderskiedingen yn Fryslân nimt wer ta

jannewaris 13, 2018 06:05

Nei trije jierren fan efterûtgong is it tal keninklike ûnderskiedingen dat yn Fryslân takend is wer omheech gien. Yn 2017 binne 161 lintsjes útrikt, 30 mear as in jier earder.

Benammen it tal manlju dat in lintsje krige, is tanommen, fan 84 yn 2016 nei 116 ferline jier. It tal froulju bleau mei 45 hast gelyk yn 2016 (47).

De measte ûnderskiedingen binne ferline jier takend by de lintsjesrein foarôfgeande oan Keningsdei: 88. Dat oantal wie aardich gelyk oan dat fan de jierren dêrfoar. De stiging sit him benammen yn it tal lintsjes dat op oare mominten takend is, de saneamde bysûndere gelegenheden. Dat barde bygelyks by de lêste gearkomsten fan weryndielingsgemeenten, dêr’t achttjin folksfertsjintwurdigers eare binneMei 161 ûnderskiedingen bliuwt it jier 2017 as it giet om it tal lintsjes noch sa’n tsien persint efter by de trochsneed fan dit desennium.

De heechste ûnderskieding dy’t takend is, wie Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau. It wie foar boargemaster Hayo Apotheker, operasjongster Anette Andriesen en grimeur Arjen van der Grijn. Fûgelkenner Theunis Piersma wie as iennichste beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw, om syn fertsjinsten foar de wittenskip.

It Amelân is de iennichste gemeente dêr’t ferline jier net in lintsje takend is.

jannewaris 13, 2018 06:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*