Swierste ierdbeving yn Grinslân sûnt 2012

jannewaris 9, 2018 09:09

Grinslân is moandei om 15.00 oere hinne troffen troch de swierste ierdbeving yn goed fiif jier tiid, mei in krêft fan 3,4. It episintrum lei by Zeerijp by Loppersum, berjochtet it KNMI. Ut in protte plakken yn Grinslân kamen der meldings oer. Yn de stêd Grins waard it ek field. Mar twa kear belibbe Grinslân sterkere bevings. Yn Huizinge waard yn augustus 2012 ien mei in krêft fan 3,6 metten, seis jier earder belibbe Westeremden ien fan 3,5. Der binne no gjin ferwûnen by fallen en der binne gjin grutte kalamiteiten feroarsake, sa hat de plysje witten litten.

It is de sechde ierdskodding yn in goed moanne tiid mei Zeerijp as episintrum. De skoddings dêr’t Grinslân geregeld mei te krijen hat, binne it gefolch fan de gaswinning troch de NAM (Nederlandse Aardolie Maatskippij). It foarige regear hat de gaswinning ferline jier op advys fan de steatstafersjochhâlder ferlege nei 21,6 miljard kúb. De Grinslanners fine dat De Haach fierste tebekhâldend is en easkje dat de gaskraan fierder of sels folslein tichtdraaid wurdt.

Gasprodusint NAM reagearret mei: “(…) yn it foarste plak bysûnder te betreurjen foar elkenien dy’t op de ien of oare wize dermei konfrontearre is”. De NAM seit de situaasje yn kaart te bringen en letter mei fierdere ynformaasje te kommen. De NAM moat binnen 48 oeren de grûnskodding analysearje en maatregels nimme, easket it Steatstafersjoch op de Minen.

jannewaris 9, 2018 09:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.