Súdwest-Fryslân slút oan by staasjejildalliânsje

jannewaris 17, 2018 15:11

Súdwest-Fryslân slút as earste Fryske gemeente oan by de lanlike staasjejildalliânsje. Dêr binne al mear as hûndert Nederlânske organisaasjes, ferieningen, gemeenten en bedriuwen by oansletten. Sy roppe it regear op om staasjejild yn te fieren op alle plestik drankfleskes en blik.

“Al tsientallen gemeenten binne ús foargien”, seit de nije wethâlder Erik Faber, dy’t duorsumens yn syn portefúlje hat. “Omsweefsmoargens is in steech probleem. It is – nei hûnepoep – de grutste argewaasje fan ynwenners. It stiet suterich, it is slim foar it miljeu en het kostet de gemeente in soad jild.”

Foarwêzen is better as hieljen, seit er. “It ynfieren fan staasjejild op alle plestik drankflessen en blik draacht flink by oan it ferminderjen fan omsweefsmoargens. De praktyk yn lannen as Noarwegen en Dútslân lit dat ek wol sjen.”

Súdwest-Fryslân hat al sûnt 2015 in omsweefsmoargensbelied. Sa binne der bygelyks gastlessen en oare aktiviteiten op basisskoallen, wurde skoalbern yn it fuortset ûnderwiis útdage om nei te tinken oer it probleem (en dêr kreative oplossingen foar te betinken yn it ramt fan de Waste Battle), binne der ‘himmeldagen’ foar jong en âld, en wurde ferskate inisjativen yn de stêden en doarpen stipe.

Fierder jout de gemeente omtinken oan saneamde snobberrûten: de rûten tusken skoallen en supermerken dêr’t wol gauris in soad ôffal leit. Yn gearwurking mei skoallen en Team Handhaving wurde hêr kontrôles holden.

jannewaris 17, 2018 15:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*