Sjauffeurs moasten tongersdei harren libben riskearje

jannewaris 20, 2018 18:19

De stoarm dy’t tongersdei oer Nederlân hinne jage, hat foar in protte libbensgefaarlike situaasjes soarge. Dakken waaiden fan hûzen ôf, beammen foelen om en frachtweinen waarden fan ‘e dyk ôf blaasd. De ôfrûne jier hie it yn Nederlân net mear sa hurd waaid. It KNMI hie koade read útjûn foar de stoarm. Dan wurdt sterk ôfret om bûten te kommen of oan it ferkear diel te nimmen.

Dochs moasten guon beropssjauffeurs fan ‘e baas ride. Neffens de NOS waard ien sjauffeur útmakke foar ‘watje’, doe’t er beswier makke. In protte bûtenlânske sjauffeurs wisten net ienris dat der in balkebrekker op kommendewei wie, mei’t hja it Nederlânske waarberjocht net beseagen.

Fakbûn CNV Vakmensen wol dat der by koade read in rydferbod foar frachtweinen komt. De brânzje-organisaasje Transport en Logistiek Nederland wol dêr neat fan witte.

jannewaris 20, 2018 18:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.