Ride op natueriis yn de Ryptsjerksterpolder

jannewaris 8, 2018 17:08

Byld: Omrop Fryslân

Yn de Ryptsjerksterpolder stienen de earste riders moandeitemoarn al op natueriis. Nei twa nachten froast is dêr in tin laachje iis, fan twa sintimeter. Genôch foar in pear echte fans. Trije manlju doarden it al oan op it stik ûnderstrûpte greide by Ryptsjerk. Omdat it yn de lijte leit, kin dêr faak al betiid riden wurde.

It iis is net geskikt om der manmachtich op te riden.

Boarne: Omrop Fryslân

jannewaris 8, 2018 17:08
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes jannewaris 8, 17:40

    In meter fierder sakje de reedriders al troch it iis. Mar it jout wol in moai plaatsje.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*