Poppeteäter en foarlêzen op Nasjonale Foarlêsdagen

jannewaris 17, 2018 15:49

Foarlêzen oan pjutten en beukers wichtich
Mei de Nasjonale Foarlêsdagen genietsje pjutten en beukers folop fan it poppeteäter Tijger ligt ENORM in de weg! Fan 24 jannewaris ôf wurde se yn bibleteken, berneopfang en pjutteboartersplakken foarlêzen troch lêskonsulinten fan de Biblioteek. Dy stimulearret sa it foarêzen oan bern dy’t sels noch net lêze kinne. It foarlêze ferheget de it nocht oan lêzen en de taalûntjouwing fan jonge bern én de bân tusken âlder en bern.

It ferhaal trochlibje
Pjutten en beukers dûke yn it Printeboek fan it Jier, Ssst! De tiger sliept fan Britta Teckentrup. Yn it ferhaal wolle alle bisten by harren freon tiger lâns, mar dy sliept en leit  ôfgryslik yn it paad. Hoe losse se dat op? Lokkich hat kikkert in idee: as se goed harren bêst dogge, kinne de bisten mei in ballon oer tiger hinne sweve. Sil dat slagje? It ferhaal is spannend, boartlik en giet oer sliepen, freonskip, ferrassingen en jierdei fieren. De kommende tiid blaze sawat twatûzen bern yn Noard-Fryslân tsjin ballonnen en aaie se de tiger; sa belibje se it ferhaal troch en troch. Foar bern dy’t it ferhaal thús nochris belibje wolle, komt it printeboek út yn in miny-edysje ynklusyf app foar € 4,95. Sjoch foar foarlêstips, printeboeken en noch folle mear op www.ontdekdebieb.nl.

Prachtich poppeteater
Spesjaal foar de Nasjonale Foarlêsdagen makket Inkipinki de foarstelling Tijger ligt ENORM in de weg! Yn dat poppeteäter mei muzyk, komme pjutten en beukers yn ’e kunde mei de tiger dy syn jierdei it is, syn bistefreonen en de goede ideeën om oer de tiger hinne te kommen. Bern (en harren âlden fansels) dy’t witte wolle oft it slagget, binne fan herten wolkom by de fergeze foarstellingen yn de biblioteken. De foarstellingen duorje sa’n healoere en binne sneon 27 jannewaris om 14.00 oere yn Frjentsjer, snein 28 jannewaris om 15.00 oere yn Dokkum, tiisdei 30 jannewaris om 16.00 oere yn Sint-Anne, tongersdei 1 febrewaris om 15.00 oere yn De Westereen en sneon 3 febrewaris om 14.00 oere yn Nes-Amelân.

Foarlêze en fergees liene
Foarlêzen is wichtich foar de ûntjouwing fan bern. It priket de fantasy en kreativiteit en se dogge it letter better op skoalle. Boppedat is it ek nochris hiel aardich foar bern én âlder. Meiwurkers fan de Biblioteek helpe de âlden graach om út te finen watfoar boek it bêste by it bern past. In biblioteeklidmaatskip foar bern oant 18 jier is fergees. Pjutten en beukers dy’t tusken 24 jannewaris en ein maart lid wurde, krije in aardich Tigerpopke kado (salang as de foarrie it talit). Foar folwoeksenen is der al in abonnemint om yn ’e kunde te kommen fan trije moanne foar € 12,50.

jannewaris 17, 2018 15:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.