Nocht of wille?

jannewaris 12, 2018 19:23

Koartlyn hearde ik op ’e Omrop: “Bern moatte wille yn lêzen krije.” Neffens my moat dat wêze: “Bern moatte nocht oan lêzen krije.”  

No kin ik my yntinke dat dat út in Hollânsktalich berjocht komt, lykas “Kinderen moeten plezier in lezen krijgen.” Dat kin men flot yn Google-oersette triuwe en dan komt der “Bern moatte krije wille yn lêzen”. En dêr hat men de fout al. Krektsa, as men by Google-oersette yntypt “samen”, dan komt der “tegearre”. En dat heart men dan ek wolris brûken foar in hele ploech, wylst it yn feite mar foar twa jildt.

It is grif net maklik om gau-gau in oersetting te betinken. De grutte wurdboeken wurkje dêrta ek net flot genôch. Ik kin my dêrom yntinke dat se by de Omrop heel bliid wêze soene as de Akademy mei in wurdboekje kaam, dêr’t fral de oersetting fan sok daagliks idioom flot tagonklik yn makke waard.

Pyt

jannewaris 12, 2018 19:23
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. ... jannewaris 14, 09:41

    In goed idee fan Pyt. It is trochstjoerd.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*