Nije groep lotgenoatekontakt eangst- en twangklachten yn Ljouwert

jannewaris 13, 2018 10:05

Op tiisdei 6 febrewaris set de Eangst-, Twang- en Fobystifting wer útein mei in lotgenoategroep foar minsken mei eangst- en twangklachten. De ADF-stifting organisearret al jierren jûnen dêr’t minsken mei eangst- of twangklachten prate kinne oer har ûnderfining. De groep wurdt begelaat troch twa ûnderfiningsdeskundigen.

Der wurdt net folle praat oer libjen mei in eangst- of twangsteurnis, mar in protte Nederlanners hawwe dêr alle dagen mei te krijen. Hoewol’t der mear omtinken komt foar psychyske problemen, is it taboe noch net trochbrutsen. De ADF-stifting heart geregeld ferhalen fan minsken dy’t har allinnich en ûnbegrepen fiele en net witte hoe’t se mei har klachten omgean moatte.

Yn de groep foar lotgenoaten wurdt omtinken jûn oan it libjen mei in eangst- of twangsteurnis. De dielnimmers hawwe klachten lykas faaleangst, sosjale eangst, smetfrees, pleinfrees, hyperfentilaasje of kontrôletwang. Dêroer prate soarget foar in gefoel fan weromkennen. Dielnimmers komme alle moannen byinoar om te praten oer har ûnderfinings en om inoar te stypjen. Om de groep te begelieden binne der twa trainde ûnderfiningsdeskundigen oanwêzich.

Wannear? Tiisdei 6 febrewaris, 6 maart, 10 april, 8 maaie en 12 juny.
Hoe let? 19.00 – 21.30 oere.
Wêr? AanZet, Tesselschadestrjitte 8-A, 8913 HB  Ljouwert.

Wolle jo mear ynformaasje oer de byienkomsten of jo ynskriuwe? Skilje dan 0343 – 521031 of stjoer in mailtsje nei lotgenotencontact@adfstichting.nl. Op de webside www.adfstichting.nl is ek mear ynformaasje te finen. Dêr kinne jo je ek oanmelde.

jannewaris 13, 2018 10:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.