Nije famylje hat alles om jierrenlang minsken te boeien

jannewaris 16, 2018 15:54

Teatergroep Kwatta komt mei in bysûnder projekt: in rige fan fjouwer foarstellingen oer in gloednij gearstalde famylje. In spannend famylje-aventoer, dat fjouwer jier lang te folgjen is. Sneon 27 jannewaris is it earste part, De Familie van Nielie barst van liefde, om 19.30 oere te sjen yn De Lawei Drachten.

Yn de gloednije Familie van Nielie is alles mooglik. Mar wat, as der wat misgiet? As dochter Pam fuortrekket, de kattemaffia opdûkt, de filosoof syn holle troch in rút stekt, en der tusken al dat nije bytiden wat âlds en trystichs opdûkt… Dan barst de Familie van Nielie van liefde sawat útinoar. “Dat is dêr’t in soad âlden, styfâlden en harren bern mei wrakselje. It gearstallen fan in nije húshâlding en hoe aardich, mar ek hoe slim yngewikkeld dat wêze kin.”, lit regisseur en artistyk lieder Josee Hussaarts witte.

It earste part fan De Familie van Nielie komt fan de pinne fan Josee Hussaarts sels. Elk jier nimt in oare skriuwer it stokje oer en yn elk part wurdt mei in oar muzykensemble oparbeide. Yn dit earste part wurket Kwatta nau gear mei it Nasjonaal Jeugd Orkest.

De Familie van Nielie barst van liefde makket kâns op de Zapp Theaterprijs 2018, de lanlike publykspriis foar jeugdteater. De Familie van Nielie is in muzykteaterfoarstelling foar de hiele húshâlding, fan 6 jier ôf.

Tekst en regy: Josee Hussaarts, dramaturgy: Cecile Brommer, komponist: Rogier Bosman, spilers: Gustav Borreman, Joost Dekker, Suzanne Heijdra, Korneel de Francq, Marieke van Leeuwen, Roben Mitchell, Jade Olieberg, Lieneke Le Roux, Lena Stallinga, musisy: Jordi Rouschop, Fabian Vos, Jeroen Oosterwijk, Julie Frøystein (Nasjonaal Jeugd Orkest), dekôr & kostúms: Barbara Kroon, poppen: Siem van Leeuwen.

Kaarten: www.lawei.nl

 

jannewaris 16, 2018 15:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.