Nij OBA Kafee iepenet yn de Sintrale OBA

jannewaris 6, 2018 10:34

Foto: OBA

No’t de earste faze fan de ferbouwing fan de sintrale OBA (iepenbiere biblioteek Amsterdam) ôfrûn is, is elkenien fan moandei 15 jannewaris ôf fan herte wolkom yn it nije OBA Kafee. Neist iten en drinken kinne je der op je gemak in praatsje meitsje of hearlik ûntspanne mei in krante of in tydskrift út de grutste kolleksje fan Nederlân.

Ferantwurde ite en efkes bekomme
Yn it OBA Kafee ûnderyn de Sintrale OBA kinne je genietsje fan kofje mei in kroissant oant luns mei in salade en ferantwurde sopkes. Arsjitekt Jo Coenen hat in prachtige nije romte ûntwurpen wêrby’t foaral in enoarme houten trep omtinken lûkt. Fan de trep ôf hawwe je útsjoch oer in grut part fan de biblioteek. Fierder is der in moai útsjoch oer it spoar en is der oeral romte om lekker te sitten of te studearjen.

Hoarekapartner Vermaat
Sûnt 1 july 2017 is Vermaat de nije hoarekapartner yn de Sintrale OBA oan de Oosterdokskade. Martin Berendse, direkteur OBA: “Wy binne bysûnder bliid om Vermaat oan de OBA ferbine te kinnen, om’t wy witte dat besikers fan de Sintrale OBA goede hoarekafasiliteiten tige wichtich fine. Wy sochten nei fernijing, in by Amsterdam en de OBA passende atmosfear en in lege drompel foar alle Amsterdammers. Vermaat ferwurke dat yn in tige útdaagjend foarstel dêr’t wy hege ferwachtings fan hawwe.”

Ferbouwing
De komst fan Vermaat falt gear mei de ferbouwing fan de Sintrale OBA. De ferbouwing is noch yn folle gong. Neffens ferwachting sille de wurksumheden op oare plakken yn it gebou yn maaie fan dit jier klear wêze. Inkelde parten wurde wol al fan jannewaris ôf yn gebrûk naam. Sa is bygelyks de Forum Zaal op de fyfde/sechde etaazje ûnderwilens klear.

OBA Kafee
De namme fan de nije lokaasje is OBA Café. Koart, dúdlik en krêftich. De winners fan de priisfraach dêr’t dy namme út fuortkaam is krije in folslein fersoarge jûntsje út yn de OBA kado.

It OBA Kafee is mei yngong fan 15 jannewaris alle dagen iepen fan 10.00 oere ôf. Lokaasje: ûnderyn Sintrale OBA, Oosterdokskade 143.

De OBA (iepenbiere biblioteek Amsterdam) bestiet út in Sintrale OBA en 25 wykfêstigings yn de gemeenten Amsterdam, Diemen en Ouder-Amstel. De OBA ynspirearret Amsterdammers om troch te gean mei learen en makket kennis, kultuer en ynformaasje foar elkenien berikber en tagonklik. De OBA stimulearret refleksje, moeting en belutsenheid by stêd en buert. Mei 177.000 leden, goed 3,5 miljoen besikers en hast 7000 aktiviteiten jiers is de OBA it meast besochte kulturele moetingsplak yn Amsterdam.

jannewaris 6, 2018 10:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*