Nij kolleezje gemeente Ljouwert presintearre

jannewaris 9, 2018 16:44

It stedhûs fan Ljouwert (foto: HCL)

It kolleezje fan de gemeente Ljouwert bestiet de kommende fjouwer jier út de PvdA, CDA, PAL/GrienLinks en D66. Dat is tiisdeitemiddei bekend wurden op in parsekonferinsje fan de gemeente. Sjoerd Feitsma en Henk Deinum fan de PvdA en Friso Douwstra fan it CDA komme werom as wethâlders. Hilde Tjeerdema út namme fan D66 en Herwil van Gelder fan PAL/GrienLinks binne nij yn it kolleezje. Tjeerdema wie de ôfrûne jierren fraksjefoarsitter fan D66 yn de Ljouwerter gemeenteried, Herwil van Gelder wie wethâlder fan GrienLinks yn de Grinzer gemeente De Marne.

Neffens it foarige kolleezje hat de PvdA ien wethâlder minder. Andries Ekhart komt net werom. Hy giet fierder as riedslid ûnder lieding fan Lutz Jacobi. It âld-Twadde Keamerlid wurdt de nije fraksjefoarsitter fan de PvdA yn Ljouwert.

It nije kolleezje fan Ljouwert moat flink besunigje op it sosjaal domein, mar wol dêrby kwetsbere bewenners ûntsjen. Minimaregelingen bliuwe yn stân. Foar ynvestearrings is net folle romte.

jannewaris 9, 2018 16:44
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. mbc84 jannewaris 9, 17:28

    Fan itselde lekken in pak… Anty-Friezen der by yn (no’t der sa’n soad Friestaligen ûnder dizze gemeente falle). Wurde 4 swiere jierren…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*