Nederlân docht te min foar it Papiamintsk

jannewaris 22, 2018 08:37 Fernijd

Sûnt it eilân Bonaire yn 2010 diel wurden is fan Nederlân, is de posysje fan it Papiamintsk dêr efterútbuorke. It Papiamintsk is de memmetaal fan de measte ynwenners fan Aruba, Bonaire en Curaçao. Op Bonaire praat goed sechtich persint fan ’e minsken de taal.

Doe’t de Nederlânske Antillen as lân opheft is en Bonaire in Nederlânske gemeente waard, waard it Papiamintsk as ferplichte eineksamenfak ôfskaft op ’e skoallen dêre. De nije oerheid brûkt de taal ek folle minder as de âlde. It Nederlânsk slacht der no foar master op, krekt as yn Europeesk Nederlân. Fierders is der in grutte tastream fan minsken út de rest fan Nederlân nei it eilân op gong kaam. Dy prate gjin Papiamintsk en binne ek lang net altyd ree om it te learen, sadat de oarspronklike bewenners harren ferbrekke moatte.

De stifting Splika komt op foar it Papiamintsk. Foarsitter Ruben Severina makket him soargen oer de takomst fan ’e taal. Dy buorket net allinne op Bonaire efterút. Severina fernimt dat Antillianen dy’t yn Europeesk Nederlân wenje him lang net altyd oan ’e bern trochjouwe.

Splika stribbet der dêrom nei dat de Nederlânske oerheid it Papiamintsk as minderheidstaal erkent, op deselde manier sa’t dat mei it Frysk it gefal is. De Ried fan Europa stipet dat idee, seit Severina. Hy seit lykwols ek: “De Nederlandse regering geeft over dit onderwerp gewoon niet thuis. Nederland heeft een verleden in het negeren van regionale talen. De Friezen weten daar alles van, maar wij geven niet op en gaan gewoon door met de lobby voor het Papiaments.”

It Papiamintsk is in saneamde kreoaltaal. Hy is noch mar in pear hûndert jier âld en spontaan ûntstien doe’t de doetiidske slaven mei ferskate memmetalen op ’e Antillen besochten om mei-inoar te praten. De wurdskat fan it Papiamintsk is foar in hiel grut part fan Portugeesk komôf, mar de grammatika is hiel oars as fan dy taal. Hjoed de dei hat de taal sa’n 250 tûzen sprekkers. Dat is likernôch de helte fan it tal Fryskpraters. De taal stiet it sterkst op Curaçao, dêr’t likernôch tachtich persint fan ’e befolking him praat. Der binne lytse ferskillen tusken it Antilliaansk fan Aruba, Bonaire en Curaçao. Op Bonaire en Curaçao wurdt deselde stavering brûkt, wylst Aruba in eigen stavering fan de taal hat.

jannewaris 22, 2018 08:37 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.