Miste sêne Stan Laurel ûntdutsen by Frysk Filmargyf

jannewaris 12, 2018 07:59

Stan Laurel yn ‘Detained’ (foto: Frysk Filmargyf)

In miste sêne út de stomme film Detained mei Stan Laurel út 1924 is weromfûn yn it Frysk Filmargyf yn Ljouwert. Meiwurker Jurjen Enzing wie yn it ramt fan it digitalisearringsprojekt RedBot dwaande mei de ûntsluting fan âlde nitraatfilms en fûn de film yn in âld filmblik. Yn de sêne spilet Stan Laurel in finzene dy’t oan de galge bedarret. Syn nekke rekt hielendal út, wat liedt ta in humoristyske ûntsnapping.

Yn de jierren tritich fan de foarige ieu waarden films koarter makke foar thúsgebrûk. It stik film dat yn Ljouwert fûn is is it iennichste yn de wrâld mei de galgesêne. Yn it neislachwurk Stan without Olli: The Stan Laurel Solo Films wurdt de sêne fermeld as ferdwûn, mar wol beskreaun. It argyf naam kontakt op mei ien fan de auteurs fan it boek, James Neibaur. De Amerikaan neamde de fynst “exciting news”.

By it ferneamde filmargyf Lobster Films yn Parys is de sêne yn de orizjinele film montearre. De film ynklusyf de galgesêne is de kommende dagen yn filmhûs Slieker yn Ljouwert te sjen. De filmrol blykt ôfkomstich te wêzen út in skinking yn 2007 fan de Ljouwerter fotograaf Van Kampen. Dy hie koart nei de oarloch foar hûndert gûne in partij films kocht om te ferhieren. Mar de film bliek 35 mm te wêzen, bioskoopformaat, en net 16 mm dat gaadlik is foar thúsfertoaning. Sa kaam de film ûnferhierber yn syn kelder telâne.

Besjoch de film Detained mei de galgesêne op YouTube.

jannewaris 12, 2018 07:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.