Lúksemburch wol mear romte foar de eigen taal

jannewaris 6, 2018 10:42 Fernijd

Yn Europeeske lannen is de memmetaal fan de grutste of ynfloedrykste groep minsken meastal ek de offisjele taal. Soms binne der ferskate taalgroepen en ferskate offisjele talen, lykas yn Switserlân en België. Lúksemburch is in bysûnder lân, wat dat oangiet. De oerheid brûkt dêr nammentlik net de taal fan de befolking.

De oarspronklike taal fan de Lúksemburchske befolking is it Lúksemburchsk, in taal dy’t nau besibbe is oan it Dútsk en ek gauris as Dútsk dialekt sjoen wurdt. De sprektaal yn Lúksemburch is it Lúksemburchsk en de befolking skriuwt meastal yn it Dútsk of yn in Lúksemburchske fariant fan it Dútsk. De oerheid skriuwt lykwols hast allinne mar yn it Frânsk, sels al binne it Dútsk en it Lúksemburchsk ek offisjele talen. Dêrtroch kriget in besiker fan Lúksemburch gauris de yndruk dat er yn in Frânsktalich lân is: de strjitnammen, de ferkearsbuorden, se binne ommers allegear yn it Frânsk.

Wêrom Frânsk?

Dy situaasje is foar in part in erfskip út de tiid dat Lúksemburch by België en Frankryk hearde. Foar in part is it ek in erfskip út de tiid nei de Twadde Wrâldoarloch, doe’t de oerheid fan Lúksemburch sjen litte woe dat it lân anty-Dútsk wie. En it feit dat der yn Lúksemburch in hiel soad bûtenlanners wenje en wurkje, benammen Portugezen, Frânsen en Belgen, dy’t faak wol Frânsk mar gjin Lúksemburchsk prate, spilet ek mei.

Fjirtich aksjepunten

It Lúksemburchske regear hat yn 1984 it Lúksemburchsk al de status jûn fan ‘nasjonale taal’. Dat betsjutte oant no ta neat foar de praktyk. Dat moat oars. De Lúksemburchske oerheid sil de eigen taal de kommende tiid in grutter plak jaan. Dêrfoar binne fjirtich aksjepunten fêststeld. In pear dêrfan binne:

– Der komt in Lúksemburchske taalakademy, dy’t de taal útwreidzje moat foar offisjeel gebrûk.
– Der komt in grut, nij online-wurdboek fan it Lúksemburchsk.
– Lúksemburch sil der by de EU op oanstean dat it Lúksemburchsk in offisjele EU-taal wurdt.
– Der komt in kampanje om it Lúksemburchsk neffens de offisjele regels te skriuwen.
– Oerheden wurde derta oanfitere om it Lúksemburchsk te brûken.
– Der komme mear boeken en films yn it Lúksemburchsk.

De minister fan kultuer fan Lúksemburch, Guy Arendt, seit dat it net it doel is dat it Lúksemburchsk it Frânsk ferfangt as oerheidstaal, mar dat it dêrneist in plak kriget.

Meartaligens: goed of min?

Yn Lúksemburch wurdt de lêste tiid in soad diskusjearre oer de plannen. Minsken dy’t har steure oan de Frânske ynterferinsjes yn it Lúksemburchsk sjogge in kâns om fia in taalakademy de taal te ‘suverjen’. Oaren moatte dêr neat fan hawwe. Guons wolle dat it Lúksemburchsk de skriuwtaal wurdt en dat bûtenlanners twongen wurde om de taal te learen. Oaren wurdearje it krekt dat Lúksemburch troch de Frânsktaligens fan ‘e oerheid sa tagonklik is foar ymmigranten út oare Europeeske lannen.

Kristine Horner docht oan de universiteit fan Sheffield yn Ingelân ûndersyk nei de taalsituaasje yn Lúksemburch. Hja seit: “It Lúksemburchs wurdt ynienen serieus nommen. Ik sjoch it as in noflike ferrassing. De âlde opfetting fan meartaligens wie dat bern allinne thús Lúksemburchsk prate, dat se op skoalle yn it Dútsk it lêzen en skriuwen leare en dat se dêrnei it Standertfrânsk oanleare.” Neffens har foarmje de nije plannen in ferbettering fan it ûnderwiis, omdat alle bern op skoalle mear plak krije om har memmetaal te brûken en dêryn te learen.

jannewaris 6, 2018 10:42 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. A.Kramer jannewaris 7, 12:07

    Yn 2001, it is dus wat lyn, hie ik in Luksemburchske krant lêzen. Dy wie yn fjouwer ferskate talen. Dútsk foar kulturele berjochten en gewoan nijs (en sport, net út Luksemburch of Frankryk). Frânsk, alinne foar offisjeel oerheidsnijs en polityk en foar sport út Frankryk. Luksemburchsk foar lokaal nijs, en lokale kultuur en sport. Ingelsk foar hegere fakatures. Fan hast in ider dy’t wurkje wol wurdt it kinne prate, skriuwe, lêze en ferstean fan it Luksemburchsk easke.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*