Lost in the Greenhouse, teäter yn Seisbierrum

jannewaris 13, 2018 06:59

Aktrise Maartje van de Wetering yn “Lost in the Greenhouse”
Foto: Catrinus van der Veen

In Fryske Romeo en Julia yn de kassen fan Seisbierrum. Fan 13 april oant en mei 20 maaie 2018 spilet de unike muzykteäterfoarstelling Lost in the greenhouse yn de kassen fan Seisbierrum. De foarstelling is ûnderdiel fan it haadprogramma fan Ljouwert-Fryslân 2018 en wurdt brocht troch muzykteäterselskip Orkater yn koproduksje mei De Lawei en yn gearwurking mei Teäter De Koornbeurs.

Yn in spesjaal kweekt dekôr fan tomateplanten wurdt yn it grutste kassekompleks fan Fryslân it tragyske leafdesferhaal ferteld fan de Fryske Klaske en de Poalske arbeider Wojtek. De spilersgroep bestiet ûnder mear út Maartje van de Wetering, Leopold Witte, Poalske akteurs en amateurspilers en muzikanten út Fryske toaniel- en muzykferieningen. De fan oarsprong Fryske teätermakkers Titus Tiel Groenestege en Geert Lageveen tekenje foar tekst en regy.  

In tragyske leafdesskiednis op lokaasje
Lost in the Greenhouse fertelt it ferhaal fan de Fryske en Poalske arbeiders dy’t yn de kassen by Seisbierrum wurkje. Se plôkje dêr mei-inoar tomaten, paprika’s en komkommers. Se foarmje in mienskip, yn in keunstmjittich stikje Nederlân. De jonge Poalen hawwe hûs en hiem efterlitten. De Friezen binne thús, mar sjogge dat it fermidden dêr’t se yn wenje feroaret. Der wurdt arbeide, der wurdt feeste, der wurdt dronken, der wurdt rabbele en flirte.

Dan leit der ynienen in lyk. Stadichoan tekenje har de kontoeren ôf fan in tragyske leafdesskiednis. De jonge Poal Wojtek wurdt folge fan it momint dat syn mem him sjen lit dat er yn Poalen gjin takomst hat, oant syn dramatyske ein yn Fryslân. Ien plôkseizoen lang. Hy wurdt hertstochtlik fereale op de Fryske Klaske. Hâldt de brekbere mienskip stân tsjin gefoelens fan ûnwennigens, ferlies, wriuwing en langstme?

De wichtichste rollen wurde beset troch Maartje van de Wetering (ûnder mear winnares Maestro 2017, Noard Nederlânsk Toaniel en Flikken Rotterdam), Leopold Witte (û.m. Gooische Vrouwen, Dokter Deen, De Verleiders en Orkater), Geert Lageveen (û.m. Orkater, Noard-Nederlânsk Toaniel en Ernstige Delicten), akteur/muzikant Erik van der Horst (û.m. Orkater, Theatergroep MAX en Smeris) en trije Poalske akteurs Redbad Klijnstra, Peter Jakubow en Angelika Kurowska. In soad figuranterollen wurde spile troch amateurs en muzikanten út Fryslân.

By gelegenheid fan it iepeningswykein fan Ljouwert-Fryslân 2018 is op sneon 27 jannewaris yn de binnenstêd fan Ljouwert in spesjaal priuwke te sjen fan Lost in the Greenhouse mei ûnder oaren Maartje van de Wetering.

De premjêre sil wêze op 19 april 2018. It stik wurdt spile oant en mei 20 maaie 2018. De kaarten binne te bestellen op www.lawei.nl, https://www.friesland.nl/fy/kulturele-haadsted en www.2018.nl

 

jannewaris 13, 2018 06:59
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Netwichtich jannewaris 13, 15:35

    Bin benijd. Wat is de fiertaal?

  2. Jehannes Elzinga jannewaris 18, 14:48

    Trijeris riede wat de fiertalll wurdt: gjin Poalsk, gjn Frysk, mar Hollânsk? Of leare al dy spilers spesjaal foar dizze gelegenheid Frysk??? Dat is te moai om wier te wêzen.

  3. Johannes jannewaris 18, 19:54

    Gjin Frysk, dan gaan ik der net hinne. Allinnich Frysk praten stikken gean ik nei ta..

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*