Libbensgrutte projeksjes

jannewaris 16, 2018 08:53

Herman van Veen. Foto © Jesse Willems

Ljouwert, 15 jannewaris 2018 – Yn 2018 is de Aldehou it dekôr foar libbensgrutte projeksjes. Fjouwer kear giet in multydissiplinêr, meartalich fideokeunstwurk yn premjêre. Lân fan taal, grut programma-ûnderdiel fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa, hat dêrta opdracht jûn oan fjouwer ferskate kombinaasjes fan Fryske en oarstalige komponisten, taalkeunstners, muzikanten, filmers en fideokeunstners. Under harren binne Herman van Veen, Rodaan Al Galidi en Tsead Bruinja. Troch op it plein krêftige projektoaren en speakers del te setten, wurdt elke projeksje in totaalbelibbing.

Roos van Geffen, artistyk adviseur Lân fan taal en kurator projeksjes: “Normaal is taal een 1-op-1 beleving tussen mensen. We maken met de projecties taal tastbaar – ja, zelfs onontkoombaar – voor een groot publiek. We omringen ze met beeld en geluid. Ik denk dat dat heel krachtig werkt. Zeker omdat we spannende en onverwachte combinaties van kunstenaars hebben gemaakt.”

Tsead Bruinja. Foto © Geert de Jong Cheeseworks

Taalflarden
It earste fideokeunstwurk ‘Foarlopich lân / Voorlopig land’ giet op freed 2 febrewaris om 20.00 oere yn premjêre. Fan de tribune fan it nije taalpoadium Obe ôf en fierder op fan it Aldehoustertsjerkhof yn Ljouwert is dan de mienskiplike produksje te sjen fan dichter Tsead Bruinja, sjonger/kabaretier Herman van Veen en byldzjend keunstner Jules van Hulst. Te sjen is in tydlik lânskip dêr’t de wyn flarden ferhaal yn bringt en personaazjes eksistinsjele fragen stelle. Van Veen skreau elektroanyske muzyk by de gedichten fan Bruinja en draacht teksten foar. Van Hulst makke in symboalyske en figurative byldkollaazje.

Tsjêbbe Hettinga
Op freed 13 april is de premjêre fan it twadde fideokeunstwurk. ‘Weagen/Waves/Wellen’ giet oer muzyk as wichtichste taal, muzyk as poarte ta bylden, roken en oantinkens. Sintraal stiet de konfrontaasje fan de Fryske gedichten en stim fan Tsjêbbe Hettinga en de Arabyske gedichten en stim fan Rodaan al Galidi. Nederlânske, Dútske en Ingelske stimmen komme ek yn weagen byinoar, dêr’t it in mear as meartalich keunstwurk troch is.Kinetophone en sjongeres Élénie Wagner sette de gedichten op muzyk, yn regy fan René Duursma. De gedichten likegoed as de muzyk roppe oantinkens op. Om dat fuort te sterkjen wurde bylden út it Frysk Filmargyf brûkt, yn in poëtyske animaasje fan Antonia Rehnen.

Stillprojeksje Tusken hazzen

Dialooch mei de natuer
Sjongeres/dichter Nynke Laverman, komponist/slachwurker Sytze Pruiksma en fideokeunstner Douwe Dijkstra (fan kollektyf 33 1/3) meitsje in poëtyske minyfilm oer de taal fan de minske fersus de taal fan de natuer. Wy kinne ús geweldich útdrukke, mar fersteane wy de natuer noch wol? Binne wy yn dialooch mei ús boarne? Laverman skriuwt yn it Frysk in nij liet en in nij gedicht, dy’t ôfwikseljend foarby komme yn dizze surrealistyske film oer in frou dy’t har stadich en letterlik út de minskewrâld weromlûkt. It Frysk sil de konfrontaasje oangean mei in oare taal, nei alle gedachten it Spaansk. Premjêre: 27 july.

Keninkrykstalen
It fjirde en lêste fideokeunstwurk is te sjen fan 5 oktober ôf. Muzyk- en wurdkollektyf VANTA – besteande út sjongeres Amber Nijman, perkusjonist Vernon Chatlein en ‘spoken wurd’-artyst Juan-Carlos Goilo – dûke yn de fjouwer keninkrykstalen. Wat binne oerienkomsten yn de âldste skreaune gedichten út de Karibyske eilannen boppe de wyn (yn it Ingelsk), dy ûnder de wyn (Papiamintsk), Fryslân en Nederlân? VANTA wurdt foar de gelegenheid oanfolle mei in neier bekend te meitsjen artyst.

Festivals om premjêre
De projeksjes binne alle tongersdei- oant en mei sneintejûnen fergees te sjen, fan tongersdei 1 febrewaris (try-out) oant en mei snein 25 novimber 2018. De begjintiid is by elke perioade ferskillend, ôfhinklik fan it stuit dat de sinne ûndergiet. Yn alle premjêrewykeinen organisearje Lân fan taal en Explore the North yn Ljouwert in fergees tagonklik minyfestival. De earste edysje is fan 2 oant en mei 4 febrewaris. Op it programma ûnder oare: sprekbeurten op boaten en in keunst-taal-laboratoarium foar bern.

Oer Lân fan taal

Jules van Hulst

Lân fan taal rjochtet yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 in frijsteat op foar alle talen fan de wrâld. Yn Lân fan taal wurdt de taal fierd mei útstallingen, ynstallaasjes, ‘videomapping’, taalobjekten, festivals en in meartalich programma mei skriuwers, dichters en muzikanten. Yn it hert fan Lân fan taal, op it Aldehoustertsjerkhof yn Ljouwert, is spesjaal it earste taalpoadium fan Nederlân delset: Obe.

 

 

jannewaris 16, 2018 08:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.