Lex Bohlmeijer docht de Alvestêdetocht op Radio 4

jannewaris 12, 2018 10:09 Fernijd

Lex Bohlmeijer (foto: KRO-NCRV)

It is winter. In prachtige reden foar Radio 4-presintator Lex Bohlmeijer om de dryste skuon en miskien wol redens oan te lûken. Fan 15 oant 19 jannewaris makket er fiif útstjoerings út de natuer wei. Mei dy winter-edysje slút er de rige De vier jaargetijden van Passaggio ôf, in radiofoanyske oade oan de seizoenen.

Nei it Piterpaad, it Tekselpaad en de tocht oer de Feluwe, is it tiid foar De Tocht der Tochten, de Alvestêdetocht. Oer it wetter of oer it lân, Lex Bohlmeijer folget it parkoers dwers troch Fryslân. Yn fiif radio-útstjoerings ropt er de skjintme fan de provinsje op, de lânskippen, de sfear fan de winter. Strange winters komme net mear foar. It liket hieltyd ûnwierskynliker dat der ea noch in echte Alvestêdetocht holden wurdt dy’t hiel Nederlân yn ’e ban bringe kin. Dêrom kiest er diskear foar in bysûnder en duorsum ferfiermiddel: in elektryske soleks. Hy stelt sa ek it tema fan de klimaatferoaring oan ’e oarder.

Reizgjend troch Fryslân teart de provinsje him út yn ’e mande mei it lânskip fan de muzyk. Oantinkens wurde oproppen oan heroyske edysjes fan de Alvestêdetocht. Hy siket Henk Kroes op, de legindaryske iismaster dy’t trije tochten meimakke. Hy moetet skriuwer Hylke Speerstra en musikus Sytze Pruiksma, reedrydleafhawwers, en nau ferbûn mei de Fryske kultuer. Begjin en einpunt is fansels Ljouwert, Kulturele Haadstêd fan 2018. En wa wit, miskien leit der wol iis, aansten. De redens geane mei. Want iis of gjin iis, it giet oan, yn Passaggio! op NPO Radio 4.

Passaggio is in yntym en persoanlik programma op NPO Radio 4 oer klassike muzyk, alle wurkdagen fan 19.00 oant 20.00 oere. In tuskenoere, om by te kommen fan de dei, en wer op te laden foar de jûn.

jannewaris 12, 2018 10:09 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.