Koerden demonstrearje tsjin Turkske oanfallen

jannewaris 27, 2018 16:31

De oanfallen troch it Turkske leger op Koerdyske doarpen yn Syrië falle net goed by de Koerden dy’t yn Nederlân en Dútslân wenje. Sneon wiene der grutte anty-Turkske demonstraasjes yn Amsterdam en Keulen.

Yn Keulen rûn de demonstraasje slim út ‘e hân. Demonstranten foelen plysjes oan. De plysje makke doe in ein oan ‘e demonstraasje. Yn Amsterdam wiene Koerdyske befeiligers ynhierd om de oarder te hanthavenjen, mar dat slagge net folslein. Sa huften demonstranten op in taksy om mei in Turkske sjauffeur. De plysje hat ferskate minsken oanhâlden.

De Koerden komme út Koerdistan, in grut gebiet dat parten fan Turkije, Syrië, Irak, Iran en Ruslân omfettet. Hja hawwe in eigen taal en kultuer en foarmje yn alle lannen dêr’t hja wenje in minderheid. Yn Turkije is in grutte Koerdyske ûnôfhinklikheidsbeweging warber, dy’t geweld net út ‘e wei giet.

It hjoeddeiske Turkske regear is tige anty-Koerdysk en komt ek mei geweld tsjin ‘e Koerden fanwegen. Ofrûne wike fierde it Turkske leger oanfallen út op in Koerdysk doarp yn Syrië. Dêrby rekken ferskate boargers dea.

jannewaris 27, 2018 16:31
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Aage M jannewaris 27, 23:04

    Dy discuzje yn de raadde keamer mei Halbe Zijlstra oer de Turkse ynfal yn Syrië hoe my gjin goed dien. Dochs tink ik dat Turken en Koerden net ferjitten zoenen dat hja beiden en minsten binne mei itselde gesicht en krekt hjir yn west Jeropa sjen tageaerre demonstrearre kinne foar frede.

  2. Aage M jannewaris 27, 23:11

    De discuzje yn de twadde keamer mei Halbe Zijlstra hie my gjin goed dien. Mar turken en Koerden yn Jeropa soenen ek tegearre foar frede kinne. Jim hawwe in kar. Werom gjin algemene demonstraasje foar frede in Ljouwerd dizze wike?

  3. Aage M jannewaris 27, 23:17

    Ljouwerd as haadsted fan Jeropa en Ljouwerd as sted foar frede en tsjin it ivige sinlease gewald der it eltsenyn sa wurch fan is.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.