Jan Terlouw en Hanna Bervoets te gast op Boekefeest Nimwegen

jannewaris 18, 2018 10:05

Jan Terlouw (foto: Sanne Terlouw)

Op sneon 10 maart wurdt it Nijmeegs Boekenfeest wer holden. Tsientallen skriuwers, dichters, wittenskippers en muzikanten – wêrûnder Jan Terlouw, Hanna Bervoets en Lieke Marsman – reizgje ôf nei Nimwegen om har griene ljocht skine te litten oer it tema ‘natoer’ fia fraachpetearen, lêzings, optredens en foardrachten.

De lêste edysje fan Nederland leest stie yn it teken fan robots. Nimwegen is dit jier de earste Nederlânske Green Capital fan Europa, en boppedat draait de Boekewike dit jier hielendal om de natoer. Planten en bisten, robots en romtereizen, duorsumens en klimaatferoaring en fansels de natoer fan de minske; op alle mooglik manieren komt it tema foarby.

It Nimweechsk Boekefeest is yn it earste wykein fan de Boekewike. De jûn wurdt iepene troch de essayist fan de Boekewike, Jan Terlouw. Terlouw sprekt in oade út, mei de titel Natuurlijk, in fjurrich pleit om de ierde yn bettere steat efter te litten foar neikommende generaasjes. De minske hat in protte skea oanrjochte, mar kin ek in rol spylje yn de oplossing. Op de natoer fan dy minske gean Hanna Bervoets en Lieke Marsman wiidweidich yn, ûnder lieding fan Lotte Lentes. Yn harren boeken spylje tema’s as de mooglikheid om de minske te meitsjen respektyflik it weromgean nei de natoer in grutte rol. Op it poadium sille se ûnder oare yn petear oer de tsjinstelling progresje – regresje.

It folsleine programma fan it Nimweechsk Boekefeest wurdt op tongersdei 1 febrewaris bekendmakke fia www.nijmeegsboekenfeest.nl. Op dy dei set ek de kaartferkeap útein.

Nijmeegs Boekenfeest
Datum: sneon 10 maart 2018
Lokaasje: Concertgebouw De Vereeniging, Keizer Karelplein 2D, Nimwegen
Oanfang: 20.00 oere, doarren iepen: 19.30 oere
Yntree: € 17,50 / € 15,- (bybpas) / € 10,- (CJP/studint)
Mear ynfo: www.nijmeegsboekenfeest.nl.

jannewaris 18, 2018 10:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*