Inisjatyfrike Friezen mei goede projektideeën socht

jannewaris 16, 2018 15:57

Friezen mei in goed idee om de leefberens yn harren doarp, stêd of op harren eilân te ferbetterjen, kinne oant en mei 9 febrewaris 2018 subsydzje oanfreegje út it Iepen Mienskipsfûns. Mei dy subsydzjeregeling helpt provinsje Fryslân om inisjativen út de mienskip út te fieren. Yn dizze subsydzjeomgong is goed 1,3 miljoen euro beskikber.

Play Skate Court Grou
Fryslân brûst fan de inisjativen. Projekten dy’t earder subsydzje krigen, binne yn folle gong. Fan projekten op it mêd foan duorsumens oant projekten op it mêd fan enerzjy, keunst, kultuer, natuer, foarsjenningen, soarch, sport en rekreaasje. In moai foarbyld is it projekt Play Skate Court Grou.

Mei de komst fan dy multyfunksjonele boarters- en sportfasiliteit kriget de jeugd in ‘eigen’ plak yn it doarp. Dêr kinne se inoar moetsje en moderne sporten beoefenje. Tink dêrby oan inline-skaten, skeelerjen en skateboarden. Ut it Iepen Mienskipfûns kriget de stichting € 35.000,-. Deputearre Michiel Schrier rikte de sjek moandei 15 jannewaris út. Dat barde by in inline-skate hockey- en basketbaldemonstraasje foar earsteklassers fan OSG Sevenwolden yn Grou.

Subsydzje oanfreegje
Inisjatyfrike Friezen kinne oant en mei 9 febrewaris 2018 (17.00 oere) in subsydzje-oanfraach yntsjinje. De projektburo’s fan Streekwurk yn de fiif Fryske regio’s helpe de inisjatyfnimmers graach by it opstellen fan in projektplan en de subsydzje-oanfraach. Mear ynformaasje oer it Iepen Mienskipsfûns en it oanfreegjen fan subsydzje is te finen op www.streekwurk.frl/IMF.

jannewaris 16, 2018 15:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.