In nij jier

jannewaris 10, 2018 08:00 Fernijd

Kollum fan Aant Mulder

Dat ha we wer hân. De krystdagen en âld en nij binne foarby. Der steane noch wat krystbeammen en de lêste nijjiergearkomsten wurde holden. Nije wike is alles wer gewoan. It wurk, de skoallen, de gearkomsten, it giet allegearre wer gewoan fierder. Der leit in hiel nij jier foar ús. Sa giet dat en dêr doch ik oan mei. Likegoed besykje ik dat gefoel fan de krystdagen en âld en nij noch efkes fêst te hâlden. Dat doch ik troch de kaarten mei alle goede winsken wat langer hingje te litten. It ferstjoeren fan kryst- en nijjierskaarten is alle jierren weroan in hiele aardichheid. As ik de krige kaarten besjoch, kom ik ta de konklúzje dat it der krekt wat minder binne as ferline jier. Dat komt grif trochdat we hieltyd faker net allinne kryst- en nijjierswinsken oer de post, mar ek oer de sosjale media krije. Dêr dogge we ommers ek oan mei. It falt fierder op dat we diskear ek wat minder kaarten krigen ha mei Fryske kryst- en nijjierswinsken. Soe dat ek troch dy sosjale media komme? Hawar, it giet fansels om wat winske wurdt. Likegoed sizze dy Fryske kryst- en nijjierswinsken my krekt wat mear as de oare.

Wát winske wurdt, feroaret ek. It is al wer in skofte lyn, mar de earste nijjierswinsk dy’t my eigen wie, dat wie ‘Segen yn it nijjier’. Dat haw ik oare minsken faak en folle tawinske. Dat docht my wer tinken oan de tiid dat ik bern wie en op de moarn fan nijjiersdei mei oaren nei buorlju en oare minsken yn it doarp gie om it nijjier ôf te winnen. It wie in moai ‘spultsje’. De doar iepen smite en gau “Segen yn it nijjier” roppe om buorman of buorfou foar te wêzen. Dan krigen we in stoer of in dûbeltsje. Wa’t te let wie krige dy stoer of dat dûbeltsje likegoed, leau ’k. Dat wie de tiid dat allinne mar lytse nijjierskaartsjes mei ‘lokkich nijjier’ of sa ferstjoerd waarden. Dy kaartsjes wiene net folle grutter as besitekaartsjes, dy’t yn lytse keferten mei in sinterske postsegel ferstjoerd waarden.

Dy nijjierskaartsjes waarden troch de jierren hinne hieltyd gruttere kryst- en nijjierskaarten mei hieltyd mear tekst en hieltyd moaiere ôfbyldingen. En wa’t tusken al dy kryst- en nijjierskaarten tichteby him- of harsels bliuwe woe, makke dy kaarten sels. Dat slagge noch better doe’t we digitale mooglikheden ta ús foldwaan krigen om eigen foto’s te bewurkjen en om dêr moaie teksten op te setten. Dat wurdt noch wol dien. Mar sa’t ik al sei, neffens my ha we it hichtepunt wol in bytsje hân. No ferstjoere we sokke eigen bewurke foto’s mei kryst- en nijjierswinsken ommers ek hieltyd faker oer mail of sosjale media.

Wat mei de kaarten barde, barde eins ek wol wat mei de winsken. Ik wist earst net better of elkenien winske elkenien ‘Segen yn ’t nijjier’. Ik leau dat ik dat oaren al winske, doe’t ik hielendal noch net begrepen hie wat dat krekt betsjutte. Hoewol’t we dat wurdsje moai algemien brûke kinne, heart dat begryp fansels earst en meast by de tsjerke. En ‘Folle lok en seine’ komt eins op itselde del, want seine betsjut oars neat as segen. Doe’t ik dat begriep, winske ik oaren wat faker gewoan ‘Lokkich nijjier’. Mar goed, dat wiene wol sawat de mooglikheden. Dat is no hiel oars. Der wurde folle mear ferskillende dingen winske. Foarbylden: de bêste winsken, in noflik, in goed, in tige goed, in moai, in poerbêst, in sûn, in lokkich, in gelokkich, in leafdefol nijjier. Folle faker wurde twa of sels trije dingen tagelyk winske: in goed en sûn, in sûn en lokkich, in noflik en gesûn, in moai en lokkich en leafdefol nijjier. It hat der alles fan dat it ‘Segen yn it nijjier’ net mear of net folle mear brûkt wurdt. De al earder neamde winsk ‘Folle lok en seine’ is aldergeloks noch wol gongber. Op kaarten stiet gauris: ‘Noflike krystdagen en folle lok en seine’ of ‘Noflike krystdagen en lokkich nijjier’.

No’t ik al dy winsken besjoch, falle noch in pear dingen op. Ik sjoch hieltyd faker wurdsjes as gelokkich en gesûn foarbykommen, wylst dat eins lokkich en sûn wêze moatte soe, hoewol, gelokkich stiet ek al yn it wurdboek. Dat dat ‘ge’ in ynslûpsel út it Hollânsk wei is, ha jimme fansels wol begrepen. Dy ‘ge-goarre’ grypt hieltyd fierder om him hinne. Tink mar oan de mulwurden, dy’t yn it Hollânsk wol, mar yn it Frysk net mei ‘ge’ begjinne. Foarbylden: dien- gedien, sjoen – gesjoen en mear fan datsoarte fan mulwurden.

Nijsgjirriger fyn ik lykwols it brûken fan it wurdsje folle, dat yn dizze winsken altyd goed brûkt wurdt, mar yn in grut ferskaat oan oare taalsituaasjes gauris ferkeard brûkt wurdt. Wy kinne ommers net sizze: “We hawwe folle krystferskes songen”, “Op strjitte waard folle fjoerwurk ôfstutsen”, “Ik haw dêr folle oan” en sa fierder. Wy moatte dan wurden as bygelyks: in protte, in soad, in bulte brûke. Folle kinne we allinne mar yn kombinaasje mei oare wurden brûke, bygelyks: te folle, safolle, fierstente folle, hoefolle, wittefolle of withoefolle en sûnder folle. Wy brûke it ek yn kombinaasje mei it wurdsje net derfoar, derefter of earne oars yn ’e sin: net folle, folle net genôch, folle nocht haw ik der net oan. Fierder kinne we folle ek brûke yn kombinaasje mei de fergrutsjende trep: folle mear, folle moaier. Dus altyd yn kombinaasje mei mar ien útsûndering. Lit ik dêr diskear mar mei beslute. It moat noch krekt kinne: Folle lok en seine yn 2018.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 6 jannewaris yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

jannewaris 10, 2018 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*