Iepening eksposysje Creating Other Futures no snein

jannewaris 13, 2018 08:56

Wurk fan Larissa Sansour

Snein 14 jannewaris is yn Melkweg Expo yn Amsterdam de offisjele iepening fan de eksposysje Creating Other Futures. Fiif byldzjende keunstners út Palestina, Meksiko, Singapore, Kenia en Nederlân binne útnoege om spesjaal foar de eksposysje in nije ynstallaasje te meitsjen.

De keunstners leine harren ferbylding neat yn ’e wei en sketsten alternativen foar de hjoeddeiske realiteit en takomst. De eksposysje wurdt om 16.00 oere feestlik iepene mei in optreden fan de Nederlânske keunstneres AiRich, dy’t har ynstallaasje Planet AiRich op de eksposysje presintearret. De bysûndere eksposysje is fan oant en mei 11 febrewaris fergees te besytsjen en makket diel út fan it multydissiplinêre festival Other Futures dat fan 2 o/m 4 febrewaris holden wurdt yn Melkweg en Sugarfactory yn Amsterdam.

Other Futures is it earste net-westerske sciencefictionfestival yn ’e wrâld mei in tige bûnt programma mei ûnder oare anime & manga, muzyk, multymedia, optredens, film, teory én in ekposysje yn Melkweg Expo mei de titel Creating Other Futures. By de earste edysje fan Other Futures komme tinkbylden en wurk fan net-westerske makkers en tinkers oer de takomst oan bod: in ferkenning fan ynspirearjend, geastich en yn it westen oant no ta ûnbekend wurk.

Spesjaal foar Melkweg Expo hat Other Futures fiif keunstners útnoege dy’t in ynspirearjend byld fan de takomst kreëarje. De keunstners hawwe folslein nij wurk kreëarre of in nije ynstallaasje op basis fan besteand wurk makke.

Wurk fan Ming Wong

De Palestynske keunstner Larissa Sansour makke yn 2016 de film In the future they ate from the finest porcelain yn gearwurking mei de Deen Søren Lind, en wurket as argeolooch fan de takomst. In ûndergrûnske fersetsgroep begraaft porselein om takomstige lânkleems befjochtsje te kinnen mei it argeologysk bewiis fan in ferdwûne beskaving.

Digitaal keunstneres Jacque Njeri út Kenia skriuwt skiednis op ’e nij troch de estetyk fan har eigen nomadyske Masai-folk te fermingen mei tiidreizen en it libben op oare planeten yn har kollaazjerige MaaSci.

Ming Wong út Singapore toant in faze fan syn ûndersyk foar syn takomstige space-opera’s op in samling skermen mei in mingeling fan sciencefiction plots, nijsberjochten en ferhaallinen.

De Nederlânske keunstneres AiRich gunt besikers in glimp fan Planet AiRich mei har bysûndere boargers: hybride wêzens dy’t heal god, heal superheld binne. Op in lichtfuottige manier skept AiRich in nije werklikheid dêr’t plak is foar in oar skientme-ideaal.

Skriuwer en mediakeunstner Fran Ilich út Meksiko dreamt net inkeld fan in radikale ferbylding dy’t in oare wrâld mooglik makket, hy makket de dream wier. Yn Melkweg Expo iepenet Ilich in projeksjeromte anneks beursdiske dêr’t er sels oan besikers de linige relaasje tusken de produksje fan popkorn en Hollywoodfilms toant, wylst de besiker genietet fan in kopke kofje makke mei de beanne fan Zapatista lânbouwers.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.otherfutures.nl.

jannewaris 13, 2018 08:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.