Iepen hûs by Tresoar op 3 febrewaris

jannewaris 17, 2018 08:46

Foto: Tresoar

Feestlike ôftraap Lân fan Taal-aktiviteiten by Tresoar

Op sneon 3 febrewaris stiet Tresoar yn it middelpunt fan de belangstelling yn it iepeningswykein fan Lân fan Taal, in belangryk ûnderdiel fan Ljouwert/Fryslân 2018. Besikers kinne by dy feestlike middei genietsje fan útstallingen, optredens, lêzingen en performances. De start fan in breed, net-ferwachte en ferdjipjend 2018.

Taal, tekst en byld
Mei it opfallende motto Sssstt…! Hjir flústeret de tiid is Tresoar in jier lang folop dwaande mei it fertellen fan it ferhaal fan de Fryske kultuer, literatuer en skiednis. Mei nije middels, grutte LED-skerms en fjouwer metershege ‘poëzymasines’ presintearje dichters en keunstners it hiele jier troch harren wurk en wurdt it ferhaal fan de fisuele poëzy yn Fryslân en Europa ferteld. It hiele jier troch binne der ek útstallingen, lêzingen en aktiviteiten. Sa kinne besikers bygelyks de topstikken fan Tresoar bewûnderje, nei it midsiuwske Aldfrysk harkje en draaie der boeiende films yn de Histobios. Mear ynformaasje oer alle aktiviteiten yn 2018 is hjir te finen.

Foto: Tresoar

Histoarysk Reisburo
Tresoar pakt yn 2018 út mei in wol hiel bysûnder nij konsept, nammentlik it Histoarysk Reisburo. Yn dy spesjaal ynrjochte romte yn it gebou fan Tresoar kinne besikers telâne mei fragen oer harren Fryske foarâlden. Wa wiene sy? Hoe seagen harren libbens derút? Mei help fan de nij ûntwikkele online Roots Guide makket de besiker in eigen persoanlike histoaryske reisgids om sa de fuotstappen fan syn of har foarâlden te folgjen. Op 3 febrewaris is de feestlike iepening fan it Reisburo, troch nimmen oars as Grutte Pier.

Programma
Op sneon 3 febrewaris is it gebou fan Tresoar fan 15.00 oant 18.00 iepen foar alle belangstellenden en wurdt de feestlike ôftraap jûn foar in grut oantal aktiviteiten. Oanmelde is net nedich.

  • 15.00 Iepening troch direkteur Bert Looper fan Tresoar en start fan de poëzymasine troch Eeltsje Hettinga, Machteld van Buren, Sytse Jansma, Hans Wijnbergen, Grytsje Schaaf, Elmar Kuiper, Irem Kaneli en Stijn Smit
  • 15.30 en 16.30 Minykolleezjes ‘Quatrebras als Europees tijdschrift’ troch Bert Looper en ‘Visuele poëzie in Europa’ troch Ernst Bruinsma
  • 15.30-18.00 trochrinnend Poëzyfantasy foar kreative âldens en bern
  • 16.00 Iepening Histoarysk Reisburo troch Grutte Pier
  • 16.30 Foardracht gedicht ‘de greate wrakseling’ (1963) fan Hessel Miedema troch Jelle Krol
  • 17.00-18.00 trochrinnend Literêre peepshow
  • 17.00 en 17.30 Minykolleezje troch gastkurator Frank den Oudsten

Fan 15.00 ôf binne alle útstallingen en presintaasjes tagongklik. Dat jildt ek foar de depots. Klik hjir foar in plattegrûn.

jannewaris 17, 2018 08:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*