Hoera foar de Mienskip

jannewaris 13, 2018 20:00

Kollum fan Jan Willem Zwart

Dit jier is Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa. Ljouwert, de haadstêd fán Fryslân. Wat wiene eartiids Ljouwerter promininten Jannewietske de Vries en Ferd Crone bliid. It bidbook wie hielendal rjochte op Mienskip. Us Fryske mienskip!

Der folge in lang proses fan it tarieden fan aktiviteiten en produksjes foar it bysûndere jier 2018. It rûn net altiten sûnder spul. Ljouwert is foar doarpen yn de provinsje net altyd tichtby. Undertusken ûntstiene der allegearre mienskipsinisjativen krekt yn de doarpen. Stimulearre troch de krêften fan de mienskip sels. Stynsgea is sels útrôpen as Kultureel Haaddoarp fan Achtkarspelen. Willem Bartel van der Kooi, skilder út Stynsgea stiet hjirre midden yn de mienskip. Van der Kooi is miskien wol de Rembrandt fan Achtkarspelen! Yn Feankleaster wurdt hurd wurke oan in keningsmiel. It doarp biedt dat oan de regio oan. Sa’n utering fan mienskip is fansels hiel bysûnder. De krêft fan projekten lykas dit, dêr’t eltsenien út de mienskip meinaam wurdt, litte de wiere mienskipssin sjen. Sels yn Brabân witte se no wat wy Friezen dêrmei bedoele.

In oar foarbyld fan wiere mienskipssin is de postkoadelotterij yn Eastermar. Yn dat wâlddoarpke moast 53,9 miljoen oan euro’s útjûn wurde. Fansels dreamde eltsenien fan in eigen hypoteekfrij libben mei in protte fakânsje, auto en boat, mar der wiene ek inisjatyfnimmers, gewoan út de mienskip wei, dy’t seine: “Der moat in fûns komme, just foar dy minsken dy’t krekt wat misse yn har libben.” Fan de mienskip út! It is krêft, it is miskien wol dé krêft fan ús provinsje dat wy soks mei-inoar dogge. De tarieding ta Kulturele Haadstêd hat sa al hiel wat opsmiten. 2018 wurdt yn mienskiplike sin in hiel bysûnder jier! Lit ús dêr grutsk op wêze!

Foto © Jan Willem van Kruyssen

 

 

jannewaris 13, 2018 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.