Histoarysk Sintrum Westergoa Boalsert stap tichterby

jannewaris 17, 2018 15:18

De realisaasje fan it Histoarysk Sintrum Westergoa yn Boalsert is in stap tichterby no’t boargemaster en wethâlders fan Súdwest-Fryslân it foarûntwerp bestimmingsplan fêstlein hawwe. Dat plan leit fan 19 jannewaris ôf foar in skoft fan seis wike klear om yn te sjen.

“Yn de ôfrûne jierren is in soad enerzjy stutsen yn it plan foar in nije bestimming foar it monumintale, 400 jier âlde stedhûs van Boalsert”, seit wethâlder Stella van Gent. “Moai dat wy no safier binne om it Histoarysk Sintrum Westergoa ek planologysk mooglik te meitsjen.”

It eardere stedhûs fan Boalsert wurdt flink útwreide yn noardlike rjochting, op it plak dêr’t no noch in parkearplak en in grienstripe binne. Troch dy útwreiding is der romte foar de Boalserter musea, de âldheidkeamer, it argyf fan de gemeente Súdwest-Fryslân en syn alve rjochtsfoargongers, en de bibleteek.

In publyksromte ferbynt it âlde en it nije part. Dêr fynt de besiker aanstens in moderne lêsromte, digitale presintaasjes, toeristyske ynformaasje en gemeentlike tsjinsten. De Waag wurdt ynrjochte foar hoareka.

Omwenners en oare belangstellenden binne ferline jier al in tal kearen ynformearre oer it plan. “It ûntwerp is goed ûntfongen”, seit Van Gent. “De fragen en reaksjes giene foaral oer it parkearjen. Dêr hawwe wy no oplossingen foar fûn.” It terrein Het Oordje wurdt mei goed tweintich plakken útwreide.

It foarûntwerp is oant en mei 1 maart yn te sjen by de gemeenteloketten yn Boalsert en Snits. Oant dy tiid kin elkenkien in skriftlike reaksje yntsjinje. “Soksoarte prosedueren kostje no ienris in soad tiid”, lit Van Gent witte. “It stribjen is it Histoarysk Sintrum Westergoa yn 2020 yn gebrûk te nimmen, mar dan moat alles wol meisitte.”

jannewaris 17, 2018 15:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.