Grutte eksploazje yn Antwerpen

jannewaris 16, 2018 09:05

Foto: pixabay.com

Yn it sintrum fan Antwerpen hat yn de nacht fan moandei op tiisdei in swiere eksploazje west yn in gebou. Neffens de plysje binne yn elts gefal fjirtjin minsken ferwûne rekke. Ien fan harren is yn kritike tastân. Fiif oaren rekken swierferwûne. Der wurdt net ien mear mist, mar foar de wissichheid sykje de helptsjinsten noch troch nei minsken ûnder it pún.

Trije gebouwen binne swier skansearre rekke troch de ûntploffing. De gevel fan de pannen is foar in part weiblaasd. De brânwacht brûkt heechwurkers om fan boppen ôf nei minsken te sykjen. Der wurdt ek in speurhûn ynset. Neffens de brânwacht wurdt de aksje dreger makke troch it ûnstabile pún.

De oarsaak fan de ûntploffing is noch ûndúdlik. De plysje lit witte dat it net om terrorisme giet. Mooglik is de eksploazje feroarsake troch in gaslek. Underyn ien fan de skansearre gebouwen siet in Italiaansk restaurant. De eksploazje barde oan de Paardenmarkt, yn it Schipperskwartier. Yn dy buert wenje in protte studinten.

De gemeente Antwerpen hat it rampeplan ôfkundige. De Paardenmarkt is ôfset, wêrtroch’t allinnich helptsjinsten derby komme kinne. In part fan de bewenners koe fannacht ûnder begelieding werom nei harren wenning. Foar de minsken dy’t yn de skansearre gebouwen wenje, is opfang regele.

jannewaris 16, 2018 09:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*