Grutte bedriuwen sille plestik ôffalberch oanpakke

jannewaris 29, 2018 09:05

Foto: pixabay.com

Alve grutte ynternasjonale bedriuwen, wêrûnder Coca-Cola en Unilever, hawwe ôfrûne wike op it World Economic Forum yn Davos oankundige dat se harren oandiel yn de groeiende berch plestik ôffal werombringe wolle. Hja sizze ta om foar 2025 harren ferpakkings sa te produsearjen dat dy folslein op ’e nij brûkt wurde kinne. Op it stuit wurde noch sa folle ferskillende soarten plestik brûkt, dat in grut part fan it ôffal net goed wer te brûken is yn nije produkten. Koartlyn kundige Eurokommissaris Timmermans oan dat plestik yn Europa yn 2030 folslein werbrûkber wêze moat.

De alve produsinten, wêrûnder ek Evian, L’Oreal en PepsiCo, wolle dat al fiif jier earder foarinoar krije, en dan wrâldwiid. Mei-inoar produsearje se mear as seis miljoen ton plestik ôffal it jier. Dat stiet gelyk oan tritich frachtweinen fol plestik yn ’e oere. It Kennisinstituut Duurzaam Verpakken sjocht de maatregels fan de bedriuwen as in grutte stap. Stap twa is dat produsinten it wer te brûken plestik folle mear tapasse yn nije produkten.

De Europeeske Kommisje konstatearre ferline wike “tsjinwurking” troch produsinten as it giet om it gebrûk fan werbrûkber plestik. Om’t dat yn Europa op it stuit noch te min plestik brûkt wurdt, wurdt der ek te min ynvestearre yn ynnovaasje en werbrûkkapasiteit. De swakke fraach is neffens it Kennisynstitút in grutte tûkelteam foar de ferduorsuming fan de keunststofyndustry.

Wrâldmerklieder Coca-Cola hat wol plannen om mear werbrûkber plestik te brûken. Yn 2030 moatte alle flessen, wrâldwiid, foar fyftich persint dêrfan makke wêze. Yn West-Europa makket Coca-Cola de grutte flessen foar frisdrinken dêr al foar de helte fan. De lytse fleskes binne foar 28 persint fan brûkt plestik makke. Neffens wurdfierder Leon Varitimos fan Greenpeace kin en moat dat folle ambisjeuzer. De ambysje soe hûndert persint wêze moatte, ynstee fan fyftich.

Neffens Coca-Cola is it ienfâldichwei net mooglik is om dêr noch flugger ta oer te gean, om’t der wrâldwiid net genôch goede kwaliteit werbrûkber materiaal is. Neffens it bedriuw is dit al in enoarme stap en giet it om yn trochsneed mear as fiifhûndert merken yn likernôch twahûndert lannen.

Fiedings- en fersoargingsmiddelegigant Unilever wol ek mear op it wer te brûken materiaal ta. Topman Paul Polman ûnthiet ôfrûne wike yn Davos om dat binnen sân jier foar 25 persint fan alle ferpakking te realisearjen. Gjin lytse opjefte, neffens saakkundigen, om’t Unilever op it stuit noch in protte ferskillende soarten plestik brûkt yn bygelyks shampooflessen, doppen en soppakken.

jannewaris 29, 2018 09:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.