Friezinne leart Drintsk

jannewaris 24, 2018 14:09

Leonie Sinnema is in jonge Friezinne, dy’t as ferslachjouwer foar it Dagblad van het Noorden yn Drinte wurket. Dêr heart ek by dat hja it Drintsk prate kin, sa wie hja fan betinken. Foar it Dagblad fertelt se oer har ûnderfinings by it learen dêrfan.

Frou Sinnema folget in kursus Drintsk by streektaalorganisaasje Huus van de Taol. Hja kriget les yn Eext, fan lesjouwer Jan Hartlief. Oer Drintske wurden lykas ontongs en speursnaai en in útnoeging lykas Kuj ‘t even wachten? fernuvere se har.

It Drintsk heart lykas it Stellingwerfsk, Grinslânsk en oare East-Nederlânske en Noard-Dútske dialekten by it Nedersaksysk, dat as streektaal yn Nederlân en yn Dútslân offisjeel erkend is en beskerme wurdt.

Klik hjir foar in filmke en in ferslach oer it Drintsklearen fan Leonie Sinnema.

jannewaris 24, 2018 14:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.