Frânske diva warskôget foar #MeToo-puriteinen

jannewaris 10, 2018 07:42

Foto: pixabay.com

Catherine Deneuve hat mei 99 oare Fransêzes út de kulturele en akademyske wrâld ôfstân naam fan de #MeToo-beweging. Neffens de ferneamde Frânske aktrise is dy sa trochsketten dat der no sprake is fan in heksejacht op manlju dy’t de seksuele frijheid bedriget. “Ferkrêfting is in misdriuw. Mar ien besykje te ferlieden, sels oanhâldend of ûnhândich, is dat net”, skriuwe de hûndert froulju yn de krante Le Monde. “Hoflikheid is gjin utering fan macho-agresje.”

De skriuwsters binne bang dat de oanstriid om alle foarmen fan netwinske yntimiteiten yn ’e ban te dwaan, tsjinstanners fan frije seksualiteit yn ’e hân wurket. “Wy ferdigjenje it rjocht om lestich te fallen, om’t dat ûnmisber is foar seksuele frijheid.” Hja wârskogje foar puritanisme en “stânrjochtlike ferfolging” fan manlju. “Manlju hawwe harren baan ferlern, wylst se mar de hân op in knibbel lein ha, ien besocht ha te tútsjen, of oer yntime saken praten by in wurkitentsje.”

De Frânske froulju meitsje ek beswier tsjin de wize wêrop’t de diskusje fierd wurdt, foaral op ynternet. “As froulju kenne we ús net werom yn dizze foarm fan femininisme, dy’t fan it oan de kaak stellen fan machtsmisbrûk ferwurden is ta in ôfkear fan manlju en seksualiteit”, skriuwe se. Catherine Deneuve spruts har al earder út tsjin de yn har eagen út de hân rûne #MeToo-beweging. Dy ûntstie ôfrûne hjerst, nei’t aktrises yn The New York Times fertelden hoe’t de bekende Hollywood-produsint Harvey Weinstein harren misbrûkt hie.

jannewaris 10, 2018 07:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.