Frânsen bedarje faak yn Poperinge troch minne behearsking Nederlânsk

jannewaris 25, 2018 12:58

België hat strange taalwetten. Yn Flaanderen wurde offisjele meidielings yn it Nederlânsk dien en yn Walloanië yn it Frânsk. It omroppen yn ‘e trein falt ek ûnder dy regeling, ek yn de ynternasjonale trein nei Frankryk ta.

De trein wurdt yn it Flaamske Kortrijk splist: ien helte rydt troch nei Rijsel yn Frankryk, wylst de oare nei it Flaamske Poperinge trochgiet. Yn de trein wurdt yn it Nederlânsk omroppen hokker treinstel oft nei hokker stêd ta giet. Frânsktaligen, ûnder wa’t in soad Frânske toeristen binne, begripe dat meastal net, sadat se yn it ferkearde treinstel sitten bliuwe en net thúskomme, mar yn Poperinge bedarje.

De Belgyske spoarferfierder NMBS seit dat er him hâlde moat oan de taalwetten. Wol wol it bedriuw sjen oft der in oplossing te finen is.

jannewaris 25, 2018 12:58
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. mbc84 jannewaris 25, 16:11

    Hoe dreech is it om meardere talen te ymplemintearjen yn de kommunikaasje mei reizigers? At it net in bantsje is, dan in bryfke (en dejinge dy’t it omrompt, leart it mar, ûnderdiel fan it wurk) dêr’t er it fan oplêze kin.
    Itselde jildt foar ús Friezen. Yn ‘t iepenbier ferfier bestiet it Frysk net (hjir en dêr ris in suterich wurdsje of plaknamme). It Ingelsk wolle se mar omraak brûke, want och heden at immen it ris net ferstie (m.o.w. it kin wol, kommunikaasje yn in oare taal as it Nederlânsk yn iepenbier ferfier)

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*