Fiif oer tolven of fiif foar tolven?

jannewaris 27, 2018 20:00

Kollum fan Frâns Kuipers

Freedtejûn wie ik by it konsert ‘Still’ fan Gerrit Breteler yn de Teater Tsjerke yn Nes (Dongeradiel). De tsjerke siet grôtfol. It wie in prachtich kultureel barren. Breteler kaam mei syn sonoare stim en soms wat swiermoedige lieten goed út ’e ferve. De ynstrumintale begelieding wie geweldich en de ljochteffekten fersterken it gehiel. De minsken harken mûsstil, mar hantsjeklapten nei elk liet nammerste mear. Dít wie myn persoanlike iepening fan LF2018.

Om LF2018 echt te belibjen moat men eins nei Ljouwert. De kranten steane fol mei nijs oer wêr’t men wêze moat om al it moais en goeds fan Fryslân ‘te belibjen’. Breteler neamde it feit dat der sa’n protte minsken yn de Nesser Teater Tsjerke wiene in politike died: “Net nei de grutte stêd, mar gewoan nei Gerrit yn Nes!” Ik haw gjin minút spyt hân en it ein riden fan it Surhústerfean nei Nes – 41 km – hie ik der graach foar oer. Myn TomTom liet my witte dat ik de Sintrale As links lizze litte koe, mar dat efkes yn de sydline.

Ik wol it yn dizze kollum nochris hawwe oer ús rûnom ferneamde twadde rykstaal, it Frysk. Ik kaam yn Nes te sitten njonken in fûle foarfjochter fan it Frysk. Wy rekken oan ’e praat oer LF2018 en in jier lang breed omtinken foar Fryslân en de Fryske taal en kultuer. De moaie lieten fan Gerrit pasten hiel goed yn wêzentlike skaaimerk: identiteit fan Fryslân. “Ja”, sei myn buorman, “dit sjongen is prachtich, mar leaust my? Mei it Frysk is it oer en út. It is allegearre te fier hinne en net mear te kearen. De polityk hat it sitte litten, de basisskoallen dogge te min oan it Frysk; se krije te maklik frijstelling fan de Provinsje. Ja, no, foar de sjeu, wurdt der mear oan dien. Etalaazje-Frysk fan bestjoerders. Nee, Frâns, it is allegearre te let. Oer hûndert jier wurdt der gjin Frysk mear praat. It begjint hjoed-de-dei al mei de bern op it skoalplein. Alden litte it sitte, paken en beppen binne útpraat. Pake- en beppesizzers laitsje ‘oma en opa’ út, as se besykje om Frysk mei harren te praten!” Ik krige in stoartfloed oan feiten oer my hinne. Hy sleat syn betooch ôf mei: “It is bard, it is dien, it is fiif oer tolven. Net fiif foar tolven, sa’tsto beweare wolst. Ik hearde it allegearre glimkjend oan; immen, dy’t yn in negative spiraal sit, moat men efkes trochdraaie litte. Ik besocht it dochs: “It falt dochs allegearre wol wat ta, net? Hûndert jier lyn waard der troch Frysksinnige foaroanmannen ek al beweard dat it Frysk ferdwine soe? Sjoch om dy hinne: it Frysk libbet. Ik waard fuortlake: “Frâns, echt, sels dó snapst der ek al neat mear fan!” Ik liet in swiere sucht hearre. Mar, it harkjen nei Gerrit Breteler waard der net troch bedoarn. Wy fûnen it beide prachtich. “Oant letter, Frâns”, klonk it.

By it útrinnen hearde ik guon minsken efter my Hollânks praten. Ik makke in praatsje: “Dy hurde grifformearde tsjerkebankjes hawwe se moai beklaaid mei sêfte kessens, fine jimme ek net?” “Ja”, andere de frou efter my. “Daar hebben slechts enkele vrijwilligers voor gezorgd.” “Jo prate Hollânsk? Komme jimme út de Rânestêd of sa? “Nee hoor, wij wonen al 35 jaar in Dokkum.” “Hoe kin it dan dat jo gjin Frysk prate?” “Oh”, andere se, “ik kan het voor 100 procent verstaan hoor, maar bij het leren spreken heb ik veel last gehad van al die Friezen die mij telkens verbeterden en mij gingen voorzeggen hoe ik woorden in het Fries moest uitspreken. Ik voelde mij hierdoor belemmerd. Dus ben ik ermee gestopt. Maar niemand verkoopt mij knollen voor citroenen hoor, als ze Fries spreken! Bovendien, mijn kleinkinderen zeggen vaak: ‘Oma, je krijgt een Euro, als je gewoon Nederlands met ons spreekt!’”

Ik betocht ynienen dat ik eins dwaande wie mei yn stikje Brede Maatskiplike Dialooch Frysk. Samar yn it gongpaad fan de teätertsjerke yn Nes. Samar in frou út Dokkum dy’t foar harsels dúdlik oanjaan koe wêrom’t se Hollânsk prate yn stee fan Frysk. Hja koe my ek dúdlik oanjaan dat se it Frysk prachtich fynt en dat se geregeld nei Frysktalige Kulturele foarstellingen giet. Ik tocht, is it dan dochs de skuld fan ús as fûle (djip)friezen? As dat sa is, dan is it wrachtich fiif oer tolven. Op de klok sjoen is it ferskil mar tsien minuten, mar mei in positivere taalhâlding fan fiif foar tolven komme wy folle fierder mei it Frysk. LF2018 is, nei in jiergong fol festiviteiten, foaral bedoeld om te profitearjen fan it wrâldwide omtinken. De saneamde legacy. In posityf effekt dat neistribbe wurdt, is dat der mear nije ynwenners, nije bedriuwen nei Fryslân komme, ensafierder. De eardere deputearre en betinker fan dit grutte feest, Jannewietske de Vries, seit yn de Ljouwerter Krante dat Friezen de ‘finsters iepen sette moatte’. De ûnbekende frou út Dokkum genietet folop fan it Frysk en de Fryske Kultuer, wylst se it net praat. En sa sil it oeral yn Fryslân gean. Mei help fan alle skoallen en de berne-opfang en foarskoalse opfang sil it Frysk en de Fryske kultuer nea ferdwine. It moaiste soe wêze dat alle legere skoallen trijetalich waarden. Mar, earlik is earlik: it is wol fiif foar tolven!

jannewaris 27, 2018 20:00
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Abe jannewaris 28, 15:17

    Ik begryp werklik wier wol dat in eks-CDA-deputearre yn in blêd ûnder foarsitterskip fan in eks-CDA-Keamerlid gjin al te mâle dingen seit oer it faalbelied fan in CDA-deputearre. Gelokkich dweept Frâns net mei 2018. Yn 2018 is 75 persint fan it Frysk op skoallen ôfskaft en leart net in bern mear Frysk te skriuwen. Mei noch in bytsje mear ´iepen mienskip´ moat dat kinne! Mar troch oer dy konkrete politike ‘legacy’ mar te swijen, de ´djipfriezen´ de skuld te jaan en krekt te dwaan as fielt er mear foar de taal as foar syn partij, struit er ús dochs wat sân, om net te sizzen stront, yn ´e eagen. Tinke jim net?

  2. Bertus Jans Postma jannewaris 29, 11:56

    Ferduld! Gjin fiif minuten oer tolven en gjin fiif minuten foar tolven! Dat sizze guonnent dy’t noch yn de âlde tiid libje, yn de tiden fan fóár 1 maart 2017- de deis dat ús grutte roergonger, ús eigen kommissaris Brok syn ynaugurele rede hold. Sûnttiid sjogge wy net mear op ‘e klok, sûnttiid fiere wy de nije tiid, mei it wêze toskebitend en kriezeltoskjend, mar likegoed ‘bliid en woltemoede’ sjongend.

  3. Abe jannewaris 30, 12:40

    En it liedersfetisjisme fan `15 helpt ús ek net in meter fierder, blier en bliid sjongend of net. De Fryske Beweging hat oars as syn namme tinken docht syn tiid fersitten en ferdien mei plaknamme- en rjochtbankrjochtkwestjes, wylst it Fryske taalûnderwiis ûnder syn kont weisnaaid waard. Begrutlike kommentaarkes oer ‘De Haach’ en ‘de Rânestêd’ en ‘Hollân’, harkje mar nei de kollums op de Omrop, it is oars net as McDonald´s-nasjonalisme: je frette it op, mar wat is ‘ t no hielendal? De Feiten binne dat ús eigen Poepjes mei de seine fan CDA, VVD, FNP en SP it Fryske taalûnderwiis fermoardet en de Fryske literatuer derby. Seit Goffe Jensma net earne dat in taal sûnder ûnderwiis neat oars is as in dialekt? Sa is it. Hantsjeklappe foar 2018, it jier dat it Frysk de facto ophâlden is te bestean. En wat is it antwurd fan the sorry bunch of Frisian nationalists? Se sille op fakânsje nei Kataloanje, om te learen fan it rikeljusressintimint dêre. Ding-dong. Tolve oere.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*