Ferhaal: Sy hienen net safolle potsjes…

jannewaris 13, 2018 10:00

Foto: Wikipedia/Basvb

Sy hienen net safolle potsjes…

Myn pake ha ik kwalik kennen. Hy ferstoar yn 1967 en doe wie ik krapoan fjouwer. Faach heuch ik my dat hy siik op bêd lei. Pake en beppe wienen doe al ferhuze fan “it Kattegat” (de Rottefalle) nei it Heechsân. Omke wie noch yn de hûs. Hy wie frijfeint. Yn de wykeinen wie tante, syn suster, der ek. Sy wenne troch de wike by har wurk en de wykeinen wie se ‘thús’.

Folle easken hienen se net. Omke wurke earst by de boer en letter op it stienfabryk. Doe’t er út it wurk wie ûnderhâlde er túntsjes by minsken en ek hâlde er it tsjerkhôf netsjes. Meane, haachknippe en hy knapte ek wol stiennen op. Hy hoegde net op fakânsje mar in dei mei de bus fuort fûn er prachtich. Tegearre mei in goeie freon fan him. Hy hie sels ek tún en dêr moasten we altiten even trochhinne as we der wienen. En even yn de kas sjen. Dêr hie er druven. In pear hintsjes en letter kaam der ek in kat.

Yn it earstoan hienen beppe en omke ek gjin tillefyzje. Doe’t tante út it wurk wie en beppe al net mear libbe, is dy der wol kaam. Tante gie altiten ek wol op fakânsje. Nei Kanada of mei in groep, sy hat hiel wat reizen makke.

Fannemoarn sieten P. en ik te iten. Wy hienen fan alles op de tafel stean. Ek “vruchtenhagel”. Doe moast ik ynienen tinke oan in kear, it wie miskien wol de earste kear, dat ik by ús beppe, omke en tante útfanhûs wie. Jûns sieten we te bôle iten. Der wie tsiis, “gesneden”, sjem en jimme riede it al: “vruchtenhagel”. It siet yn in glêzen potsje mei ljochte en reade streken en in skodekseltsje. Miskien ek noch wol brune sûker, mar dat wit ik net krekt mear. Genôch dus. Mar doe’t ik wer thús wie en ús mem frege hoe’t ik it hân hie, doe sei ik: “Leuk, mar sy hienen net safolle potsjes.” Beppe, omke en tante en ek ús heit en mem libje net mear, mar dy útspraak ha ik lang hearre moatten.

Folkje Koster

jannewaris 13, 2018 10:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*